Klaas Posthumus (Bears, 9 novimber 1915 - Wolvegea, 11 maart 1987) wie in Frysk keatser.
Posthumus helle 135 punten foar it ivich keatsklassemint. Omdat yn Bears gjin keatsferiening wie, kaam er op keatspartijen út foar de keatsferiening Nije Kriich fan Weidum.
Yn 1945 wûn er mei de Holwerter bruorren Pieter en Hiele de Haan de PC. Klaas Posthumus waard dizze dei ta earste kening fan de PC nei de Twadde Wrâldkriich útroppen.
Syn topjier soe 1946 wurde. Yn dat jier wûn hy de measte prizen op it heechste nivo. Nei syn aktive karriêre as keatser ferhuze Posthumus yn 1949 nei Wolvegea, om dêr oan it wurk te gean as assistint fan in notaris.
Klaas Posthumus ferstoar op 11 maart 1987 yn de âldens fan 71 jier.
Prizen 1932 - Freule 2e priis 1933 - Jong Nederlân 2e priis 1935 - Jong Nederlân 3e priis 1938 - PC 3e priis 1942 - de Bond 7e priis 1945 - PC 1e priis 1946 - PC 3e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Bears Kategory:Persoan stoarn yn Wolvegea Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1987