Húsdunen (Nederlânsk en offisjeel: Huisduinen) is in doarp yn 'e gemeente De Helder, yn de kop fan 'e provinsje Noard-Hollân. Yn 2009 hie it doarp sawat 1.000 ynwenners.

Skiednis It doarp waard foar it earst neamd tusken 918 en 948 as Husidina, wat yndie "hûs yn 'e dunen" betsjut. In delsetting fierder westlik wie bekend yn 866, mar ferdwûn yn 1170 yn 'e see. It twadde doarp ferdwûn yn 1570. It hjoeddeiske doarp waard boud om in fersterking út 1574. Yn 1610 waard in dyk boud nei Kallenseach en dêr't Húsdunen earder bytiden in eilân west hie, waard it no permanint part fan de fêstewal. Yn 1672 wie de Slach by Húsdunen by it doarp.

De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke is in tsjerke mei sûnder sydskippen, dy't datearret út 1851. Tusken 1895 en 1896 is tsjerke in fierhinne feroare. De tsjerke befettet in houten model fan in walfiskskip út 1787.

Festing Kijkduin waard tusken 1811 en 1813 boud yn Húsdunen troch Napoleon I en tsjinne as beskermingfoar De Helder. Yn 1878 waard in fjoertoer, de Lange Jaap, boud benoarden de festing. Tsjintwurdich is der yn it fort in museum.

Ynwenners Huisduinen hie 327 ynwenners yn 1840. Yn 1942 waard it doarp troch de Dútske autoriteiten evakuearre. Yn 2009 hie it doarp likernôch tûsen ynwenners.

Foto

Kategory:Plak yn De Helder