Reinder Klaas Terpstra (Bitgum, 30 novimber 1908 - dêre, 7 oktober 1977) wie in Frysk keatser.

Reinder Klaas Terpstra wie in soan fan earder keaster Klaas Reinder Terpstra dy't yn 1907 in tredde priis op de PC wûn. Reinder Klaas Terpstra helle 103 punten foar it ivich keatsklassemint.

Yn 1928 wie der in bysûndere útnûging foar Terpstra, want hy mocht as opslagger meidwaan oan in demonstraasje keatspartij op de Olympyske Spullen yn Amsterdam. As oantinken oan dy partij krige hy in fraaie medalje útrikt.

Yn 1930 wûn er mei Nanning Koopmans fan Ljouwert en Klaas Wiebrens Kooistra fan Dokkum de PC. Reinder Klaas Terpstra waard ta kening útroppen.

Nei acht seizoenen as haadklasse keatser hie er oanstriid om him, fanwegen reumatyske klachten, fan it heechste nivo werom te lûken. Twa jier letter besocht er dochs werom te kommen, mar de faasje fan syn opslach wie foargoed foarby. Yn 1940 naam er ôfskied fan it keatsen. Reinder Klaas Terpstra ferstoar op 7 oktober 1977 yn de âldens fan 68 jier.

Prizen 1925 - Freule 3e priis 1927 - Jong Nederlân 5e priis 1930 - PC 1e priis 1931 - PC 3e priis 1932 - de Bond 5e priis 1934 - de Bond 3e priis 1936 - de Bond 3e priis 1938 - de Bond 3e priis 1939 - de Bond 7e priis 1931 - de Bond 5e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Bitgum Kategory:Persoan stoarn yn Bitgum Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1977