De keningspinguïn (Aptenodytes patagonicus) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai grutte pinguïns (Aptenodytes) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae). It is de op ien nei grutste soarte pinguïn.

Ferskining De keningpinguïn is 70 oant 100 sm lang en weaget fan 9,3 oant 18 kg. Alhoewol't mantsjes en wyfkes op inoar lykje, ha se elts in eigen rop. Mantsjes binne ek wat grutter as wyfkes. De keningspinguïn is likernôch 25% koarter en weaget sawat in tredde minder as de besibbe keizerspinguïn. thumb|left|Keningspinguïn. De keningspinguïn liket op 'e gruttere keizerpinguïn út itselde skaai en hat ek in breed earplak, dat kontrastearret mei de oare donkere fearren en gieloranje fearren oan 'e boppekant fan 'e boarst. It earplak fan 'e folwoeksen keningspinguïn is effen helder oranje, wylst dat fan 'e keizerspinguïn giel en wyt is. It boppeboarst is by de keningspinguïn mear oranje en minder giel. Beide hawwe kleurige markearrings op 'e ûnderste helte fan 'e snaffel, mar dy is by de keizerspinguïn rôze en oranje by de keningspinguïn. De keningspinguïn hat boppedat in grize ynstee fan swarte rêch. Oare ferskillen mei de keizerspinguïn binne dat de keningspinguïn in langere, rjochtere snaffel, langere wjukken en in slankere lichemsbou hat. thumb|left|Jonge fûgel op 'e Falklâneilannen. Jonge keningspinguïns binne folslein oars as de jonge keizerspinguïns en sitte yn donkerbrún dûns. As se ienris it dûns ferlieze liket de pyk fan 'e keningspinguïn op 'e folwoeksen fûgel, mar de kleuren binne noch net sa sprekkend.

Fersprieding Keningpinguïns briede op subantarktyske eilannen tusken de 45 en 55° SB, oan 'e noardlike úteinen fan Antarktika, lykas Tierra del Fuego, de Falklâneilannen en oare eilannen. De totale populaasje wurdt op 2,23 miljoen pearen rûsd en de oantallen nimme ta. De grutste briedpopulaasjes binne op 'e Crozeteilannen mei sawat 455.000 pearen, 228.000 pearen op 'e Prins Edwardeilannen, 240.000–280.000 op 'e Kerguelen en mear as 100.000 yn 'e Súd-Georgyske arsjipel. Macquarie telt sa'n 60.000 pearkes.

Tsjin it begjin fan 'e jierren 1920 wie de keningspinguïn yn Súd-Georgje en op 'e Falklâneilannen hast útroege troch walfiskfangers. Om't de Falklâneilannen en Súd-Georgje gjin beammen hiene om te brûken foar branje, ferbaarnden de walfiskfangers miljoenen oalje- en spekrike pinguïns. Konstante fjoeren wiene nedich om it walfiskspek te sieden foar it winnen fan 'e oalje. De walfiskfangers brûkten ek pinguïnoalje foar lampen, ferwaarming en it itensieden. Ek waarden de pinguïns en harren aaien brûkt om te iten.

Undersoarten Neffens de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen is de soarte monotypysk, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten. Der binne ek guon ortnitologen dy't de fûgel yn twa ûndersoarten ferdield:

Aptenodytes patagonicus patagonicus — komt foar yn gebieten yn 'e Atlantyske Oseaan, lykas Súd-Georgje en de Falklâneilannden. Aptenodytes patagonicus halli — briedt op subantarktyske eilannen yn 'e Yndyske- en Stille Oseaan, lykas op 'e Kerguelen, de Crozeteilannen, Heard en Macquarie.

Hâlden en dragen Keningpinguïns ite ferskate soarten lytse fiskjes, inketfisk en krill. De rekorddûk dy't registrearre is, is 343 meter yn 'e regio fan' e Falklâneilannen. De maksimale tiid dat de keningspinguïn ûnder wetter bliuwt is 552 sekonden en registrearre op 'e Crozeteilannen. De keningspinguïn dûkt oerdeis nei djipten fan 100-300 meter en bringt sawat fiif minuten ûnder wetter troch. Nachts dûkt er heechút oant 30 meter. Se kinne trochstrings likernôch 6,5 oant 10 km/oere swimme. thumb|260px|Ferfearjend jong. Op lân wikselet de keningspinguïn it rinnen mei in wibbeljende gong ôf mei slydzjen op 'e búk, oandreaun troch syn fuotten en wjukken. Lykas alle pinguïns kin er net fleane. It wyfke leit ien wyt aai fan 300 gram. De skaal is ynearsten sêft, mar wurdt letter hurder en tsjusterder ta in bleekgriene kleur. It aai wurdt yn sawat 55 dagen útbret troch beide fûgels. De âlden wikselje inoar om 'e 6 oant 18 dagen ôf. Lykas de besibbe keizerspinguïn hâldt de keningpinguïn it aai op syn fuotten tusken in tear fan 'e hûd. It útkommen kin oant 2 oant 3 dagen duorje en de jongen ha ynearsten in tinne laach dûns en binne folslein ôfhinklik fan har âlden foar iten en waarmte. Nei it útkommen fan it aai wikselje de âlden om 'e 3 oant 7 dagen, wylst ien nei iten siket bewekket de oare de pyk. As nei 30 oant 40 dagen de pyk folle grutter is begjinne se om te skarreljen en de omjouwing te ferkennen. De jongen foarmje in kres, dy't troch mar in pear folwoeksen fûgels yn 'e gaten holden wurdt, wylst de measte âlden nei iten sykje. De keningspinguïn fuorret de jongen troch fisk te iten, it in bytsje te fertarren en it iten letter yn 'e bek fan de pyk út te spuien.

Fanwegen it grutte formaat lûke keningspinguïns der 14 oant 16 moannen foar út foardat de jonge fûgels op see gean. Dat is mei lytsere pinguïns hiel oars, dy't de jonge fûgels yn ien simmer grut bringe as der genôch te fretten is.

Predators thumb|left|Koloanje yn Súd-Georgje. Reuzestoarmfûgels frette in soad jonge fûgels en aaien. Se jeie ek op folwoeksen fûgels dy't siik of ferwûne binne. Skraitsfûgels frette de lytse jonge fûgels en ek aaien. Iishinnen en kelpmiuwen ite it ies fan deade jongen en stelle ek aaien dêr't net goed tafersjoch op is. Op it strân kinne de mantsjes fan 'e Antarktyske pelsrobben keningspinguïns efernei sitte en deadzje. Op see foarmje de seeloaihoarsen in gefaar foar sawol jonge as folwoeksen keningspinguïns. Ek orka's jeie op 'e soarte.

Status Yn 'e 19e en 20e iuw is der bot jage op 'e fûgel, mar nei it ynstellen fan beskerming en it ferbod op kommersjele jacht ha in soad koloanjes harren goed wersteld. De IUCN beskôget de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2020) en nimt oan dat de oantallen tanimme (2025). Lokaal binne koloanjes lykwols foars krompen en de fûgel is tige gefoelich foar klimaatferoaringen.

Kategory:Grutte pinguïn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Prins Edwardeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Lânseigen fauna yn Macquarie Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan