Jacob (Sjakie) Schram (Amsterdam, 2 febrewaris 1927 – dêre, 20 maaie 1989) wie in Nederlânske folkssjonger.

Karriêre It meast bekend waard er yn 1966 mei it karnavalsnûmer Glaasje op, laat je rijden. Dat troch Willem van Kooten skreaune liet waard ek troch Veilig Verkeer Nederland brûkt by de kampanje Glaasje op, niet achter het stuur om automobilisten oan te trúnjen net mei drank op efter it stjoer plak te nimmen.

Nei in optreden yn Voor de vuist weg mei Willem Duys briek er troch by it grutte publyk. It nûmer berikte in tredde plak yn de Top 40.

Yn de jierren 1965–1970 wied er tige bekend as folkssjonger. Doe't Ajax yn 1969 de Europa Cup-finale yn Madrid helle brocht er it nûmer Ajax, geef hem van katoen út.

Oare (karnavals)nûmers wiere: Tante Mien, mag ik je poesje even zien Ik zie, ik zie, wat jij niet ziet 'k Heb niks gezien Allemaal op de bok Zuster, oh zuster Wat een spreker is die man Overal met je strippenkaart / Laat je handjes maar 's wapperen Oh Joke, kon jij maar koken Manus Manus

Schram ferstoar yn 1989 yn de âldens fan 62 jier oan in hertoanfal yn it Andreas Sikehûs yn Amsterdam.

Keppeling om utens Singles op webstee NLdiscografie

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 1989