De keizerspinguïn (Aptenodytes forsteri) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai grutte pinguïns (Aptenodytes) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae). It is de grutste soarte pinguïn.

Ferskining thumb|left|Kop fan 'e keizerspinguïn. De keizerspinguin is mei likernôch in lingte fan 1,1 m oant 1,2 m en in gewicht fan 22 oant 37 kg de grutste pinguïn. De oare soarte yn it skaai, de keningspinguïn, is krekt wat lytser mar feller fan kleur. De keizerspinguïn hat in swarte kop, rêch en swarte wjukken. De earplakken binne heldergiel en it boppeboarst is bleekgiel. De ûnderkant fan 'e wjukken en búk is wyt, en wurdt bleekgiel yn 'e boppeste boarst. De snaffel is likernôch 8 sm lang en de boppehelte is swart, wylst de ûnderhelte rôze, oranje of lila wêze kin.

By juvenilen binne de earplakken, it kin en de kiel wyt, wylst de snaffel swart is. De piken sitte yn it sulvergrize dûns en ha wite maskers.

Yn 'e Arktyske simmer ferdwynt it donkere fearrekleed fan 'e keizerpinguïn mei de ferfearring nei brún. De ferfearring giet rap by de keizerspinguïn en duorret mar 34 dagen.

Lykas alle pinguïns mist de keizerspinguïn it fermogen om te fleanen. De fûgel hat platte, stive wjukken dy't earder finnen binne foar in libben op see. Fersprieding De keizerpinguïn komt oan 'e kusten fan Antarktika. De soart briedt allinnich op lâniis en somtiden op iisplaten tusken de 66° en 77° súdlike breedtegraad. Aldere boarnen neame in oantal fan 54 koloanjes, mar resint satellytûndersyk brochten nije, lytse koloanjes oan it ljocht en no binne der 66 bekend. Hâlden en dragen thumb|left|Groep keizerpinguïns mei jongen. Keizerpinguïns binne sosjale fûgels en briede yn koloanjes en jeie ek tegearre. It grutste part fan it jier reizget de fûgel tusken it briedgebiet en de plakken op see dêr't se foerazjearje. Se kinne djipper as 550 meter dûke en de siken mear as 20 minuten ynhâlde. Sawol manlike as froulike keizerpinguïns sykje oant 500 kilometer fan har koloanjes om har jongen te fuorjen. Om harsels tsjin 'e kjeld te beskermjen foarmje keizerpinguïns in kompakte groep fan 10 oant tûzenen fûgels.

It dieet fan 'e keizerpinguïn bestiet meast út fisk, kreefeftigen en inketfisk en de gearstalling ferskilt fan populaasje ta populaasje. Fisk is meastal it wichtichste iten. thumb|260px|Swimmende keizerspinguïns. Keizerpinguïns binne seksuëel folwoeksen as se trije wurde en begjinne meast ien oant trije jier letter te brieden. Yn maart en april migrearje de keizerpinguïns nei de briedkoloanjes, dy't faak 50 oant 120 km it lân fan 'e râne fan it pakiis ynlizze. Se binne monogaam en it wyfke leit ien aai. Nei it lizzen wurdt it aai oerdroegen. Wylt it mantsje efter bliuwt om te brieden, giet it wyfke, dat skjin ynein is, nei see werom om dêr twa moannen te foerazjearjen en op krêft te kommen. De oerdracht fan it aai kin lestich en swier wêze en as de oerdracht net goed giet is it aai ferlern om 't it de froast op it lân net ferneare kin. It mantsje briedt it aai út tusken syn koarte poaten en balansearret 64 dagen sûnder ein op 'e fuotten foardat it útkomt. De keizerspinguïn is de iennige pinguïnsoarte mei dit gedrach. By alle oare pinguïnsoarten briede de âlden om bar it aai út. Tsjin 'e tiid dat it aai útkomt, moat it mantsje likernôch 115 dagen fêste hawwe sûnt se yn 'e koloanje oankamen. Om de kjeld en wyn oant 200 km/oere te oerlibjen krûpe mantsjes by it brieden ticht byinoar en steane se om bar yn 'e midden fan 'e keppel.

It útkommen fan it aai kin wol twa of trije dagen duorje. In pyk sit yn it dûns en is folslein ôfhinklik fan 'e âlden foar iten en waarmte. As it pykje útkomt foardat de mem weromkomt, fuorret de heit de pyk mei in kwark-eftige stof, dy't bestiet út 59% aaiwyt en 28% lipiden, dy't er produsearret troch in klier yn syn slokterm. It wyfke fynt har maat tusken de hûnderten heiten troch syn roppen en nimt dêrnei de soarch foar it pykje oer. Nei't it wyfke de soarch fan it pykje oernommen hat, giet it mantsje te foerazjearjen dêr't er sawat 24 dagen bliuwt. Yntusken hat it ranende iis de ôfstân tusken it nêstplak en de iepen see de ôfstân fermindere. Nei't it mantsje werom komt, soargje de âlden om bar foar de pyk, wylst de oare op see op iten jaget. Sawat 45 oant 50 dagen nei it útkommen foarmje de jongen in kres en krûpe se ticht tsjin inoar oan. De âlden sykje dan alletwa om iten op see en komme periodyk werom om harren jongen grut te fuorjen. Oant it begjin fan novimber begjinne de jonge fûgels te ferfearjen, dat oant twa moannen duorret, itjinge noch net foltôge is as de jonge fûgels de koloanje ferlitte. De âlden hâlde dan op mei it fuorjen. Alle fûgels meitsje de folle koartere reis nei de see yn desimber of jannewaris en bringe de rest fan 'e simmer dêr troch. Bedrigingen thumb|260px|Ferfearrende jonge fûgels. Predators fan 'e keizerpinguïn binne sawol fûgels as dieren yn it wetter. Súdlike reuzestormfûgels (Macronectes giganteus) foarmje de grutste bedriging fan jonge fûgels en binne ferantwurdlik foar mear as in tredde fan it deaden fan jongen yn guon koloanjes; se ite ek deade pinguïns. De súdpoaljager (Stercorarius maccormicki) jeit benammen op deade jongen. De ienige bekende rôfdieren dy't sûne, folwoeksen keizerpinguïs oanfalle binne seeloaihoarsen (Hydrurga leptonyx) ), dy't folwoeksen fûgels en jongen fange krekt nei't se it wetter yngeane. Ek orka's (Orcinus orca) fange pinguïns. Status Yn 'e lette jierren 1970 wie der in ôfname fan 'e populaasje fan 50% yn Adélielân fanwegen ferhege stjerte ûnder folwoeksen fûgels, benammen mantsjes. Dy ferhege mortaliteit wurdt taskreaun oan 'e abnormaal lange waarme perioade fan dy tiid, itjinge late ta in fermindere seeiisbedekking. Dêrom is it bekend dat de soarte tige gefoelich is foar klimaatferoaring.

De keizerpinguïn wurdt sûnt 2026 troch de IUCN as bedrige (Threatened) klassifisearre. De fûgel stiet ûnder druk troch in fermindere beskikberens fan iten troch klimaatferoaring en yndustriële fiskerij op fisk en skaaldieren. Oare bedrigingen binne sykte, ferneatiging fan habitats en minsklike fersteuring fan briedkoloanjes. Yn it lêste gefal is de ynfloed fan toerisme fan bysûnder belang.

Kategory:Grutte pinguïn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan