De protestantske tsjerke fan Groesbeek is in bouwurk wêrfan't de âldste dielen út de 14e iuw datearje. Oant de reformaasje yn 1612 wie it in katolyk tsjerkegebou dat oan 'e hilligen Kosmas en Damianus wijd wie. Dêrnei is de tsjerke in protestantsk gebou woarn en as sadanich bleaun.
Skiednis thumb|left|De tsjerke sa't dy foar de werbou fan it skip der by stie. De âldste dielen fan 'e tsjerke binne 14e-iuwsk, doe't om 1380 hinne de toer boud waard. Mei it goatysk koer waard yn 'e 15e iuw útein set. Yn 'e Napoleontyske tiid waard it skip yn 1798 ferneatige. It skip stoarte yn of gie ferlern troch de gefolgen fan in stoarm en waard ôfbrutsen. Yn 'e jierren 1953-1954 waard it skip yn pseudo-goatyske styl op 'e âlde fûneminten werboud.
Oargel It oargel datearret út it begjin fan 'e 20e iuw en waard troch Bernard J. Hasselaar yn 1919 boud. Yn 1973 restaurearre Verschueren (Heythuysen) it oargel en binne de frontpipen en de klaviatuer fernijd. Ek waard doe in nije cornet tafoege.
Keppeling om utens Orgelsite: Disposysje oargel
Kategory:Groesbeek Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk yn Berg en Dal Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân