De Súdmûne is in yn 1857 as boppekruier boude nôtmûne yn it Gelderske plak Groesbeek.

Skiednis De mûne waard yn 1857 boud nei't de Groesbeekske bestjoerders earder yn 1842 al in fergunning foar de bou wegere. Doe't lykwols de mûnder earder al syn rjocht krige fan Deputearre Steaten om in mûne te bouwen, wie it by syn twadde fersyk oan 'e Groesbeekske notabelen dêrta min wegerjen, ek al wie it harren min nei't sin. Dy tsjinwurking hie nei alle gedachten te krijen mei it feit dat der al in mûnder yn Groesbeek wie, mei wa't de oanfreger fan in twadde mûne strideraasjes hie.

De mûne ferwiksele letter fan eigner en yn 1937 waard de mûne renovearre en krigen de wjukken it systeem Van Bussel.

Ek al is der yn 'e Twadde Wrâldkriich om de mûne hinne bot fochten, de mûne helle de befrijing sûnder grutte skeinings. Yn 1947 rekke de mûne dochs noch slim skansearre troch in fûle stoarm. De mûne waard lykwols fuort dêrnei wer mealree makke en sûnt 1949 koe de mûne wer yn bedriuw nommen wurde.

Restauraasjes fan 'e mûne binne yn 1976 en yn 1983-1984 útfierd. By de lêste restauraasje krige de Súdmûne as earste mûne yn Nederlân op beide roeden Ten Have-kleppen.

Beskriuwing It wjukkekrús is 25 m en hat fokwjukken fan it Fauëlsysteem mei Ten Have-kleppen en remkleppen op alle fjouwer wjukken. De roeden binne fan izer. Yn 'e mûne binne trije koppel mealstiennen oanwêzich mei sawol keunststiennen as natoerstiennen.

Kategory:Groesbeek Kategory:Nôtmole Kategory:Bultmole Kategory:Bouwurk yn Berg en Dal Kategory:Mole yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk út 1857