Leur is in doarp yn 'e Gelderske gemeente Wijchen. It plak leit noardwestlik fan Wijchen tusken de A326 en de A50.

Leur is mar lyts, hat net in soad bebouwing en in agrarysk karakter.

Skiednis De skiednis fan Leur giet werom op 'e midsiuwen. Oannommen wurdt dat de namme fan Germaanske oarsprong is, en mooglik fan it wurd lauhaz stamt, itjinge ferheging yn it lânskip betsjut.Nederlandse plaatsnamen verklaard – K.F.G.J. van Berkel & K. Samplonius (2006)

Eastlik fan 'e tsjerke leit in midsiuwske motte, dy't om 1050 nei Kristus hinne boud waard yn opdracht fan 'e aartsbiskop fan Keulen. Nei alle gedachten waard it plak foar de motte keazen om't dêr in iepen plak yn it bosk lei, net fier fan in krusing fan diken, dy't der yn dy tiid noch net in soad wiene. Tegearre mei in foarboarch waard de motte troch in achtfoarmige grêft omfieme. Oer de grêft lei in brêge om by de toer op 'e motte te kommen. Yn it diel fan 'e foarboarch stie de tsjerke en in fersterke pleats. De motte en in diel fan 'e grêft binne noch hiel dúdlik yn it lânskip te werkennen.

Foar de reformaasje wie Leur in selsstannige parochy. Nei de reformaasje waard de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke oan 'e protestanten jûn. De befolking bleau lykwols katolyk, mar wylst de katoliken yn 1800 it oanbuorjende Hernen de tsjerke werom krigen, bleau de tsjerke fan Leur protestantsk. Leur foel sûnt dy tiid ûnder de parochy fan Hernen. Hjoed-de-dei is de tsjerke fan 'e Stifting Gelderske Tsjerken. Yn 'e tsjerke binne noch âlde skilderingen fan foar de reformaasje.

Noardlik fan it doarp stiet in bûtenpleats.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Wijchen Kategory:Plak yn Gelderlân