De Sint-Annetsjerke is in monumintaal tsjerkegebou yn it Gelderske Bergharen.

Skiednis Yn 'e Tachtichjierrige Kriich (1568-1648) foel de midsiuwske tsjerke fan Bergharen yn 1611 yn hannen fan 'e protestanten. De befolking bleau foar it grutste part katolyk, mar moast tefreden wêze mei in skuorretsjerke. Yn 'e Frânske tiid waard godstsjinstfrijheid ynfierd en koe der yn Bergharen wer in parochy stifte wurde. De tsjerke wie yn in pleats en dêrby waard in pastorije boud. Yn 1830 folge de bou fan in wettersteatstsjerke, dy't oan 'e hillige Anne wijd waard.

De hjoeddeiske Sint-Annetsjerke fan Bergharen waard yn 1894 boud en ferfong dy wettersteatstsjerke út 1830. Op 24 septimber 1894 folge de konsekraasje fan 'e tsjerke troch de biskop fan 'e Bosk.

Fanwegen de tebekrinnende tsjerkegong waard it parochybestjoer yn 2024 twongen om de tsjerke en de pastorije fan Bergharen yn 'e ferkeap te dwaan.Reliplan, oproppen 17 july 2025.Wijchens Nieuwsblad: Is alles welkom in Gods huis?, 30 augustus 2023

Beskriuwing De tsjerke is in opfallende krúsbasilyk mei in fjouwerkante krusingstoer, dy't in soad hat fan 'e yn 1985 ôfbrutsen Dominikustsjerke fan Alkmar. As neogoatyske doarpstsjerke mei in krusingstoer is dit type tsjerkebou seldsum.

thumb|left|Anne Trijeresom Yn 'e tsjerke stiet in barokke preekstoel en in letgoatysk houten byld fan Anne Trijeresom. Dêrnjonken is ek in houten piëta út likernôch 1500 bewarre bleaun, dy't oarspronklik yn 'e kapel op 'e Kapelberch stie.

It doopfont waard skansearre werom fûn yn 1925. It stie nei alle gedachten yn 'e yn 1893 ôfbrutsen midsiuwske tsjerke fan Hernen. De achtsidige kom is orizjineel en hat oan fjouwer kanten koppen. It waard yn 1938 restaurearre.Mijn Gelderland, Het teruggevonden doopvont van de Sint Annakerk.

De tsjerke hat in oantal fraaie brânskildere ramen, bygelyks yn it prysterkoer.

Oargel It twamanualige oargel fan 'e tsjerke waard yn 1938 boud troch de firma L. Verschueren.

Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel.

Kategory:Bergharen Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom De Bosk Kategory:Bouwurk yn Wijchen Kategory:Bouwurk út 1894