De Protestantske tsjerke is de âlde doarpstsjerke yn it Gelderske Bergharen. Sûnt de ynfiering fan 'e reformaasje is de tsjerke in protestantsk tsjerkegebou.
Skiednis De earste kapel fan Bergharen waard op in prehistoarysk grêffjild boud en foel doe ûnder de parochy Leur, ien fan 'e âldste parochy's yn it keizerlike aartsbisdom Keulen. De hearen fan Leur ferkochten yn 1311 it kollaasjerjocht fan 'e kapel oan it Sistersjinzerske kleaster Kamp yn Dútslân. It kleaster liet om 1400 hinne de kapel útbouwe ta in oan Marije wijde pseudobasilyk doe't it doarp in selsstannige parochy waard. De tsjerke tsjinne ek as lokaasje foar ridderdagen fan 'e hartoch fan Gelre en it hege gerjocht fan Maas en Waal hold dêr syn gearkomsten.
Yn 1611 kaam de tsjerke yn protestantske hannen en sûnt is de tsjerke yn gebrûk foar de protestantske earetsjinst. Om't de measte bewenners fan Bergharen katolyk bleaunen, wie de protestantske gemeente mar lyts en net yn steat om it gebou goed te ûnderhâlden. Dêrfandinne moast de gemeente yn 1824 it koer fan 'e tsjerke ôfbrekke.Mijn Gelderland, Voormalige Mariakerk, de hertog was hier
Sûnt de ein fan 'e 18e iuw besochten de katoliken fan Bergharen harren tsjerke werom te krijen. Yn 1825 telde de herfoarme gemeente fan Bergharen 38 leden en roomske parochy 570 katoliken. De protestanten stelden út in tsjerkje foar de katoliken te bouwen, mar de katoliken bouden lang om let yn 1830 sels in wettersteatstsjerke, dy't yn 1894 ferfongen waard troch de hjoeddeiske Sint-Annetsjerke.
Beskriuwing thumb|left|170px|Kraachstien. De tsjerke is in trijeskippige doarpstsjerke, wêrfan it koer nei de reformaasje ôfbrutsen waard. De tsjerke hat krúsribferwulften en byldhoude kapitelen en kraachstiennen fan aadlike persoanen. Yn 'e tsjerke stiet in ienfâldige preekstoel út de 17e iuw, in 18e-iuwsk doopstek en twa 19e-iuwske banken foar amtdragers. Fierder lizze der noch twa grêfsarken út de 17e iuw.
De 14e iuwske toer mei in achthoekige spits is âlder as it skip en letromaansk en wurdt troch de sydskippen fan 'e tsjerke omklamme.
Oargel Yn 2014 krige de tsjerke in oargel fan Van Vulpen, dat yn 1958 foar de Snitser Baptistegemeente boud wie. Dat ferfong in âlder Verschueren-unitoargel út de jierren 1960. It oargel krige û.o. in ekstra pedaalregister (Boudon 16').Reliwiki opropppen 17 july 2025. Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel.
Kategory:Bergharen Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Wijchen Kategory:Bouwurk út de 14e iuw