Antony Martin Lewis (Londen, 1975) is in Britske kosmolooch en softwareûntwikkelder.Endole.co.uk
Oplieding Lewis is hikke en tein yn Súd-Londen en East-Berlyn. Nei de middelbere Alleyn's School yn it Londenske Dulwich helle hy yn 2000 in doktoraal Natuerkunde oan de universiteit fan Cambridge en studearre dêrnei Astronomy. Geometric algebra and covariant methods in physics and cosmology., https://www.repository.cam.ac.uk/ Lewis is sûnt 2010 heechlearaar Kosmology oan de Universiteit fan Sussex en Grut Brighton and Hove.https://podcasts.apple.com
Softwareûntwikkelder De earste MS-DOS krúswurdpuzelprogramma's foar kompjûters wiene relatyf beheind. It duorre in pear jier eardat kompjûters genôch ûnthâld hiene om diagram-algoritmen brûkber te meitsjen (Windows 3.1). Lewis ûntwikkele software foar syn puzelprogramma Crossword Compiler mei byhearrende wurdboeklisten.
Crossword Compiler Lewis kombinearre de ûntwikkeling fan de nedige software mei in djipgeande ynteresse yn leksikografy en leksikale databanken. As ûntwikkelder betocht hy yn 1993 it softwareprogramma Crossword Compiler dêr ’t kant-en-kleare layouts mei makke wurde kinne foar krúswurdpuzels, wurdsikers, kryptogrammen, sudoku's en oare puzeldiagrammen. It programma wurdt sûnttiid wrâldwiid brûkt troch profesjonele puzelmakkers, dosinten en puzelleafhawwers.Ta de brûkers hearre sûnttiids grutte kranten lykas The Times en de Britske kranten The Guardian en The Independent. Ek útjouwers en taaldosinten brûke it programma foar lesmateriaal en wedstrydpuzels. It programma wurdt ûndersteund yn meardere talen, wêrûnder West- en East-Europeeske talen, Syrillysk en Baltyske talen. It programma Crossword Compiler hat in automatyske folfunksje. As ûntwikkelder oerlei Lewis in soad mei puzelmakkers oer winske eigenskippen en funksjonaliteiten. https://www.cruciverb.com
WordWeb Foar de software ûntwurp Lewis WordWeb, in elektroanyske wurdboekapplikaasje. De brûkte algoritmes folje puzels snel mei wurden út eigen listen. De wurdlisten wurde troch it programma automatysk byholden en stelle puzelmakkers ek by steat om in persoanlike wurdlist oan te meitsjen. Sokke persoanlike wurdlisten kinne nei behoefte oanpast en oardere wurde. It programma siket yn in de betreffende wurdlist hokker letterpatroanen passe kinne. In puzelmakker kin bygelyks konfrontearre wurde mei in rige lykas ???EX, wêrby‘t ? in noch net ynfold wyt fekje foarstelt. De ynboude wurdlist fan Crossword Compiler kin dan in soad foarkommende Ingelske wurden as mooglikheid toane lykas ANNEX, INDEX en LATEX. Lettere ferzjes soene ta tafoeging fan nije wurden ek DUREX, FEDEX en THEEK as mooglikheid oanjaan kinne.Mathematics of Crossword Puzzles: In Celebration of Karen Hunger Parshall, Joseph W. Dauben yn: The American Mathematical Monthly
Kosmolooch Yn 1997 helle Lewis in master yn de Natuerkunde oan de Universiteit fan Cambridge en promovearre dêrnei oan de Cavendish-universiteit op geometryske algebra en ko-fariante metoades yn de natuerkunde en kosmology. Yn 2002 ferfarde hy nei Toronto en wurke dêr ûnder mear oan it Center for Astrophysics fan de Harvard-universiteit. Yn 2005 kaam hy werom nei it Institute of Astronomy in Cambridge en ferhuze yn 2010 nei Sussex dêr’t hy him dwaande hâlde mei ferskate aspekten van de kosmology, benammen de kosmyske mikroweacheftergrûn (CMB), gravitaasjelinzen en de teory fan observaasjes. Neidat Lewis diel útmakke fan it kearnteam dat de data fan de Planck-satellyt analisearre, wurket hy oan it Simons Observatory dat de kosmyske oarsprong bestudearret. https://cosmologist.info/
Publikaasjes (karút) Planck 2018 results. VI. Cosmological parameters Planck 2015 results. XIII. Cosmological parameters CMB lensing and primordial squeezed non-Gaussianity (2012) The real shape of non-Gaussianities (2011) The linear power spectrum of observed source number counts (2011) Likelihood Analysis of CMB Temperature and Polarization Power Spectra (2008) Cluster masses from CMB and galaxy weak lensing (2006) CMB anisotropies from primordial inhomogeneous magnetic fields (2004) Evolution of cosmological dark matter perturbations (2002) In Clifford Algebras and their applications in mathematical physics vol. (2000) postscript Publicaties
Kategory:Ingelsk ynformatikus Kategory:Softwareûntwikkelder Kategory:Ingelsk kosmolooch Kategory:Persoan berne yn 1975