Tahity (Frânsk: Tahiti, útspr.: [ta.iˈti], likernôch: "ta-y-ty"; Tahitiaansk: [taˈhiti], likernôch: "tah-hy-ty" of [ˈthaiti], likernôch: "t'hah-ty") en histoarysk Otaheite (fan it Tahitiaanske ‘o Tahiti, "It is Tahity", [ʔotaˈhɛiti], likernôch: "oo-tah-hij-ty") is in eilân yn 'e midden fan 'e Grutte Oseaan. Bestjoerlik heart it ta Frânsk-Polyneezje, in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk, dy't besuden de evener yn 'e Stille Súdsee leit. Geografysk makket it diel út fan 'e Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio Polyneezje heart. Tahiti bestiet út twa mei-inoar ferraande lânmassa's dy't fan fulkanyske oarsprong binne. It eilân waard yn 'e midden fan it earste milennium kolonisearre troch Polynezyske seefarders. Yn 'e iere njoggentjinde iuw omfette it Keninkryk Tahity alle Boppewynske Eilannen, mar yn 1842 rôp Frankryk dêr in protektoraat oer út, en yn 1880 waard de lânseigen monargy ôfskaft. Tsjintwurdich is Tahity it ekonomyske, kulturele en politike sintrum fan Frânsk-Polyneezje, dêr't de haadstêd Papeete leit en teffens de iennichste ynternasjonale lofthaven. Neffens de folkstelling fan 2022 hie it eilân doe fan krapoan 192.000 bewenners.

Geografy Tahity is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. De neiste gruttere lânmassa is it Noardereilân fan Nij-Seelân. Tahity leit 4.400 km súdwestlik fan 'e Hawaï-eilannen, 5.700 km eastnoardeastlik fan Austraalje en 7.900 km westlik fan Súd-Amearika. It neiste buoreilân is Mo‘orea, dat likernôch 17 km nei it westnoardwesten leit.

Geografysk heart Tahity ta Boppewynske Eilannen, dy't rûchwei de eastlike helte fan 'e Genoatskipseilannen foarmje. Dy arsjipel makket wer diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't ek û.m. Tonga, Samoä, Amerikaansk-Samoä, de Cookeilannen, Hawaï, Nij-Seelân en Peaske-eilân ta hearre. Bestjoerlik falle Tahity en de oare Genoatskipseilannen ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel (kollektiviteit) fan Frankryk, yn 'e mande mei fjouwer oare eilannegroepen: de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen.

Tahity is it grutste en heechste eilân fan sawol de Genoatskipseilannen as hiel Frânsk-Polyneezje. It hat in oerflak fan 1.044 km² en it heechste punt is de berch de Orohena (Frânsk: Mont Orohena; Tahitiaansk: Mou‘a ‘Orohena), mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo. It eilân mjit 45 km op it langste punt. It bestiet út twa rûchwei ovale dielen, dy't de útdôve kraters fan in pear âlde skyldfulkanen binne. It westnoardwestlike diel is mei in trochsneed fan sa'n 32 km fierwei it grutst en wurdt dêrom Tahiti Nui neamd, "Grut-Tahity", wylst it lytsere eastsúdeastlike diel, mei in trochsneed fan likernôch 15 km, bekend stiet as Tahiti Iti, "Lyts-Tahity". De beide dielen binne mei-inoar ferbûn troch de smelle Lâningte fan Taravao.

De Orohena leit yn 'e midden fan Tahiti Nui; it heechste punt op Tahiti Iti is de Ronui (Frânsk: Mont Ronui; Tahitiaansk: Mou‘a Rōnui), mei ihichte fan 1.332 m boppe seenivo. Tahiti Nui is by de kust lâns tichtbefolke, mar it ûnherberchsume, berchteftige binnenlân is frijwol ûnbewenne. Tahiti Iti is fierhinne isolearre bleaun, mei't de súdeastlike helte, Te Pari, inkeld tagonklik is foar lju dy't geandefoets of op in boat reizgje. De ûnbewenne dielen fan Tahity binne fierhinne begroeid mei tropysk reinwâld. Der binne ferskate spektakulêre wetterfallen, lykas dy fan 'e rivier de Papeno‘o oan 'e noardkust en dy yn 'e Fautauadelling by de haadstêd Papeete.

Geology Tahity is fan fulkanyske oarsprong en bestiet fierhinne út basaltstien. It eilân waard tusken 1.670.000 en 250.000 jier lyn foarme troch de opienfolgjende útbarstings fan twa skyldfulkanen, Tahiti Nui en Tahiti Iti, dy't mei-inoar ferraand binne. Dat barde doe't Tahity boppe de fulkanyske hotspot lei dy't de eilannestring fan 'e Genoatskipseilannen foar it grutste part foarme hat. Troch de tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat fan it eastsúdeasten nei it westnoardwesten leit Tahity dêr no gâns in stik fan ôf, sadat der gjin gefaar bestiet dat de âlde fulkanen wer ta libben komme sille. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a rjocht boppe de hotspot.

Skiednis Prekoloniaal tiidrek Tahity bleau ûnbewenne troch minsken oant it om it jier 300 hinne ûntdutsen waard troch Polynezyske seefarders. It waard yn 'e midden fan it earste milennium, tusken 300 en 800, kolonisearre troch de Polyneezjes as ûnderdiel fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren, wêrby't hja har hieltyd fierder oer it gebiet fan 'e Stille Oseaan ferspraten. Dat waard dien mei reuseftige útlizzerkano's, dy't wol 20–30 m lang wiene en hiele famyljes mei al harren fee (te witten: bargen en hinnen) ferfiere koene. Argeologysk en taalkundich bewiismateriaal wiist derop dat dy folksferhuzing omtrint 1500 f.Kr. yn Súdeast-Aazje úteinset wie.

It is dreech te sizzen hoe't de iere Tahitiaanske maatskippij derút seach en hoe't dy him troch de iuwen hinne ûntjoech, om't de Polynezyske befolking gjin skriftfoarm hie en dêrom gjin skreaune boarnen neiliet. It iennichste dêr't men jin datoangeande op basearje kin, is de mûnlinge oerlevering, mar dy is sterk ferweve mei leginden en myten. Yn alle gefallen wie Tahity yn 'e achttjinde iuw, oan 'e ein fan it prekoloniale tiidrek, opdield yn gebieten dy't behearske waarden troch ûnderskate clans. De wichtichsten dêrfan wiene de nau besibbe Teva i Uta ("Teva fan it Binnenlân") en Teva i Tai ("Teva fan 'e See"). Harren territoarium besloech de Lâningte fan Taravao en it suden fan Tahiti Nui.

De lieding fan in clan bestie út 'e ari‘i rahi ("haadman"), de ari‘i ("eallju") en de ‘īato‘ai ("ûnderhaadlju"). De ari‘i wiene ek de religieuze lieders of preesters, en hja stiene yn heech oansjen omreden fan 'e mana (spirituele macht) dy't hja urven hiene as direkte ôfstammelingen fan 'e goaden. As symboalen fan dy macht droegen se mulrimen fan 'e reade fearren. Nettsjinsteande dat dielden de ari‘i harren politike macht mei de ‘īato‘ai, en by wichtige beslissings, yn 't bysûnder as it om oarloch gie, moasten der mienskiplike gearkomsten holden wurde. Oarsom wie de macht fan 'e ari‘i rahi, de politike lieder, op religieus mêd beheind, mei't de spirituele wizânsjes en gebrûken fan eltse clan draaiden om harren marae (in stiennen timpel yn 'e iepen loft), dêr't de ari‘i it foar it sizzen hiene.

Earste besiken fan Jeropeänen oan Tahity De ierste ûntdekkingsreizen fan Jeropeänen yn Polyneezje binne mar dizenich fêstlein, mei't it gebiet doe noch hast hielendal ûnbekend wie en men faak mar riede moat hokker eilân sjoen en/of oandien waard. De earste Jeropeeske ekspedysje dy't Tahity oandie, soe sadwaande dy fan 'e Spaanske seefarder Juan Fernández út 1576–1577 west hawwe kinne, of oars dy fan 'e Portegeeske ûntdekkingsreizger Pedro Fernandes de Queirós, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Spaanske Kroan fear. Queirós die op 10 febrewaris 1606 in eilân oan dat miskien Tahity wie, hoewol't tsjintwurdich tocht wurdt dat it wierskynlik it folle eastliker leine Rekareka wie, yn 'e Tûamotû-arsjipel. De mooglikheid bestiet dat de Spanjerts en/of de Portegezen de earste Jeropeänen wiene dy't Tahity oandiene, mar moderne histoarisy binne oer it algemien fan tinken dat se eilannen yn 'e buert ûntdieken en Tahity sels krekt misten.

It folgjende stadium út it Tiidrek fan 'e Untdekkingsreizen dêr't Tahity yn behelle rekke, wie de yntinse rivaliteit tusken it Keninkryk Grut-Brittanje en it Keninkryk Frankryk yn 'e tolve jier tusken de Sânjierrige Oarloch (1756–1763) en de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774–1784). De earste Jeropeeske ekspedysje dy't beslist Tahity oandie, wie dy fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis as ûnderdiel fan syn reis om 'e wrâld oan board fan 'e HMS Dolphin. Wallis-en-dy krigen it eilân op 18 juny 1767 yn sicht en giene foar anker yn 'e Matavaibaai. Dat wie op 'e grins tusken de haadmanskippen fan Pīra‘e-Arue, regearre troch Tū-nui-e-a‘ai-i-te-Atua (de lettere Pōmare I) en Ha‘apape, regearre troch Amo en syn frou Purea (troch de Ingelsen "Oberea" neamd, fan ‘o Purea, "It is Purea").

De bemanning fan 'e HMS Dolphin wie by de oankomst op Tahity siik mei skuorbot en hie grut ferlet fan farske grienten en fruit. De eilanners, sa die bliken, sieten om izer foar houtbewurking en fiskheakken ferlegen, dat yn Polyneezje frijwol net te besetten wie. De kultuerskok wie grut doe't de seelju ûntdieken dat jonge froulju en famkes gjin beswier seagen yn it ruiljen fan seksuele omgong foar in spiker. Doe't de Tahitianen foar it ferstân krigen dat de Dolphin troch izer byinoar holden waard, besochten se it skip te interjen om it izer te stellen, en Wallis moast in kanon ôffjurje om 'e kontrôle oer it skip te behâlden. Om nei dat fertoan fan macht in iepen oarloch foar te kommen, brocht Purea fredesjeften, sadat freonskiplike relaasjes oanknope wurde koene.

Net iens in jier letter, op 5 april 1768, waard Tahity berikt troch de Frânske ekspedysje fan 'e ealman Louis-Antoine de Bougainville, dy't oan board fan 'e Boudeuse en de Etoile ek dwaande wie mei in reis om 'e wrâld. Bougainville gie foar anker by Hitia‘a o te Ra, dêr't hy en syn mannen ferwolkomme waarden troch de pleatslike haadman Reti. Wer in jier letter, op 12 april 1769, arrivearre de Britske ekspedysje fan James Cook by Tahity. Mei de botanikus Joseph Banks, de astronoom Charles Green en de keunstner Sydney Parkinson oan board fan syn HMS Endeavour hie de reis fan Cook in wittenskiplik doel. By it besyk oan Tahity sloech de ekspedysje syn kamp op by wat Point Venus kaam te hjitten. Der waard in skat oan kennis garre oer de floara en fauna fan it eilân, mar ek oer de lânseigen maatskippij en de Tahitiaanske taal en wizânsjes. Cook, dy't him pas op 13 july 1769 wer ôfjoech, rûsde de befolkingsgrutte fan Tahity en de oare Boppewynske Eilannen op 200.000. Syn tiidgenoat, de antropolooch Douglas L. Oliver, wie lykwols fan miening dat der mar 35.000 minsken wennen.

De ûnderkening fan Spaansk Perû, Manuel de Amat y Juniet, organisearre yn 1772 yn opdracht fan 'e Spaanske Kroan in eigen ekspedysje nei Tahity, mei as doel om it eilân te kolonisearjen en op te nimmen yn it Spaanske Ryk. Hy soe úteinlings trije ekspedysjes stjoere, hieltyd op it skip de Aguila, wêrfan't de earste beide ûnder lieding stiene fan 'e seefarder Domingo de Bonechea. Begjin 1773 kearde Bonechea fan syn earste ekspedysje werom nei Perû mei oan board fan syn skip fjouwer Tahitianen: Pautu, Tipitipia, Heiao en Tetuanui. Fan harren reizgen Pautu en Heiao as ûnderdiel fan 'e twadde ekspedysje fan Bonechea mei werom nei harren heitelân, dêr't se op 14 novimber 1774 oankamen. Harren beide maten wiene ûnderwilens ferstoarn. Bonechea sels kaam op 26 jannewaris 1775 op Tahity te ferstjerren en waard dêre begroeven yn 'e neite fan 'e roomske misjepost dy't er sels stifte hie oan 'e Tautirabaai. Under lieding fan luitenant Tomás Gayangos sylde de Aguila in dei letter werom nei Perû, wylst twa preesters (Geronimo Clota en Narcisco González) en twa seelju (Maximo Rodríguez en Francisco Pérez) yn 'e misjepost efterbleaune. De trêde reis fan 'e Aguila waard ûndernommen ûnder lieding fan don Cayetano de Langara, nei't de preesters frege hiene om Tahity ferlitte te meien. De Spanjerts sylden op 12 novimber 1775 fuort nei Perû en spilen neitiid gjin rol mear yn 'e skiednis fan it eilân.