It Emmausskleaster is in kleaster fan 'e kapusinen yn it Noard-Brabânske Velp.
Skiednis It kleaster waard nei de fal fan De Bosk yn 1629 stifte mei't dêre it katolisisme troch it nije protestantske bestjoer ferbean waard. Ek de kapusinen waarden twongen om de stêd te ferlitten. It kleaster stie ûnder lieding fan Basilius fan Brugge, dy't noed stie foar de pastorale soarch yn Ravenstein en letter ek yn Grave. Yn Grave wiene de steatsksinnigen sûnt 1602 de baas en dêr bestie gjin godstsinstfrijheid. Yn it Lân fan Ravenstein, dêr't Velp ta hearde, wie dat wol sa. Dêrom stiften de kapusinen yn 1645 yn Velp harren kleaster.
De pastorale soarch foar de katolike ynwenners fan Grave moast meast yn it geheim dien wurde. Yn 1662 waarden it kleaster útwreide en in nije kapel boud. Tusken 1717 en 1719 ûntstie in nij kleaster en yn 1732 waard in tsjerke mei in barok ynterieur ynwijd. De gevel hat it wapen fan Karel III Filips fan de Palts, hear fan Ravenstein yn 1663. thumb|left|Kleastergong. De kapusinen wisten it yn 'e Frânske tiid noch lang út te hâlden, mar yn jannewaris 1812 waarden se twongen om harren kleaster te ferlitten. Doe't Napoleon ferslein waard en it Keninkryk fan de Nederlannen oprjochte waard, mochten de muontsen yn maaie 1814 harren kleaster werom ha, mar kening Willem I ferbea har om nije kleasterlingen oan te nimmen sadat it kleaster stadichoan útstoar. Doe't kening Willem II dat ferbod yn 1840 ophefte, wiene der noch mar in pear tige âlde muontsen oer.
Nei't it ferbod opheft wie, kamen der ek wer novisen en it kleaster bloeide wer op. Sûnt de jierren 1960 wie it dien mei it Rike Roomske Libben en drûge de oanmelding fan novisen op. De kapusinen makken yn 1979 yn gearwurking mei de klarissen fan Babberich fan harren kleaster in besinningshûs en yn 2018 ferliet de lêste pater it kleaster.
Yn 2023 waard bekend dat it kleaster wer troch in ynternasjonale kapusiner mienskip bewenne wurde sil.Katolyk Nijsblêd: Kapucijnen stichten internationaal klooster in Nederland: ‘Een nieuw begin op een bijzondere plek’, 23 junby 2023.
Gebouwen It kleaster bestiet út in tsjerke en trije fleugels, dy't in kleastergong foarmje en om in fjouwerkant binnenplak groepearre binne. De gebouwen en de kapel datearje út 1718. It skip fan 'e tsjerke waard yn 1733 útwreide. De gevel mei it wapen datearret út 1663 en it stiennen Marijebyld datearret út likernôch 1700. It stúkwurkferwulft fan 'e tsjerke datearret fan 1846.
Yn it kleaster wurde in oantal keunstwurken fan nei 16e iuw bewarre, lykas bylden, skilderijen en meubilêr.
Tsjerke fan it Emmauskleaster thumb|left|Kleasterkapel. It ynterieur fan 'e tsjerke bestiet út in 17e-iuwsk houten haadalter en twa sydalters. It haadalter hat in draaiende tabernakel mei in foarstelling fan 'e Emmausgongers. De wapens fan 'e hear fan Boxmeer, Frans Wilhelm van den Bergh-Hohenzollern-Sigmaringen en syn frou, Maria Truchsess von Waldburg Zeil binne dêr te sjen. Der ek in oantal skilderijen mei hilligen te sjen. De houten preekstoel is 17e-iuwsk. Dêrnjonken binne der ferskate 18e-iuwske grêfstiennen en hingje der wapenbuorden oan 'e muorren. In grêfstien markearret it plak dêr't grevinne Everdina Jacoba Wilhelmina (1685-1724) begroeven waard.
It kleaster bewarret in oantal âldheden, wêrûnder bylden, meubels en skilderijen út 'e 16e iuw ôf, wêrûnder ien yn 'e styl fan Marinus van Reymerswale .
Kleastertún Yn 'e kleastertún stiet in pestkapel út 1670. De muontsen dy't slachtoffers fan 'e pest fersoargen libben yn ôfsûndering fan 'e kleastermienskip en fierden dêr de misse op. De wenromten fan dy muontsen binne ek noch oanwêzich.
Kategory:Velp (Noard-Brabân) Kategory:Kleaster yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk yn Lân fan Cuijk Kategory:Bouwurk út 1718 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1645 Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân