Velp is in doarp yn 'e gemeente Lân fan Cuijk yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Brabân. It plak bestiet út twa dielen: Ald-Velp yn it noarden en Nij-Velp yn it suden. Ald-Velp leit oan 'e Hartochswjittering en tichteby de oerstreamingsflakten fan 'e rivier de Maas.

Op 1 jannewaris 2024 hie it doarp 1.395 ynwenners op in oerflak fan 8,9 km².

Gemeente thumb|left|Kaart gemeente Velp (1865) Velp wie earder ek in gemeente yn Noard-Brabân, dy't sûnt 1810 bestie en 744 hektare grut wie. Yn 1938 moast Velp in lyts stik oan Grave ôfstean, om't de kazerne fan Generaal de Bons op dat plak boud waard. Yn 1942 waard dy gemeente opnommen yn 'e gemeente Grave.

Namme It toponym Velp is fan Keltyske oarsprong. De "p" komt fan apa (wetter) en it earste diel komt mooglik fan falwa, nei de bleke kleur fan it wetter yn 'e rivier de Raam. In oare útlis wiist op felwa (wylch) en yn dat gefal soe Velp "wylgewetter" betsjutte.

Skiednis De âldste fermelding fan Velp is yn in ier-midsiuwske list. Dat dokumint beskreau it besit fan it kapittel fan Sint-Finsintius út Zinnik (Belgje). It ferhaal giet dat yn 'e 8e iuw it kapittel de reliken fan 'e hillige feilich stelle moast om se te beskermjen tsjin 'e Normandjers. Sa kamen se yn Fellepa telâne, dêr't de lokale hear op stjerren lei. Hy ûnthiet doe de helte fan syn besit oan 'e hillige (dus oan it kapittel) te jaan as er better wurde mocht. Hy waard better, mar wegere syn ûnthjit nei te kommen, wêrnei't er wer siik waard. Pas nei't er wer better wie, joech er it ûnthjitten besit. Sa soe de bân mei it kapittel ûntstien wêze en dat kapittel bleau lang tsienden ûntfangen fan 'e hear fan it Lân fan Herpen, dêr't Velp yn 'e midsiuwen bestjoerlik ta hearde. Dat waard letter it Lân fan Ravenstein .

Velp hie nauwe bannen mei it oanbuorjen Reek, dêr't it in dingstoel mei dielde. Boppedat wie Reek tradisjoneel ôfhinklik fan 'e parochy fan Velp.

De Sint-Finsintiustsjerke yn Velp bestie nei alle gedachten al yn 'e 10e iuw. Letter waard Finsintius Madelgarius as patroanhillige fan 'e tsjerke ferfongen troch in oare hillige mei deselde namme, nammentlik Finsintius fan Saragossa. Yn 1937 waard in nije parochytsjerke ynwijd, mar de âlde tsjerke bleau bewarre.

Yn 1645 stiften Kapusinen it Emmauskleaster. As ûnderdiel fan it Lân fan Ravenstein hearde Velp net by de Republyk, mar ta it Hillige Roomske Ryk. Sûnt 1630 wie it Lân fan Ravenstein yn 'e hannen fan 'e katolike hartoch fan Neuburg, wêrtroch't it katolike leauwe frij útoefene wurde koe. Dat stie yn skerp kontrast mei it gebiet benoarden de Maas of it tichteby lizzende fêstingsstedsje Grave. De frijheid fan leauwen wie de reden dat yn Velp ferskillende kleasters stifte waarden. thumb|left|Kapusinekleaster. Yn 'e 19e iuw waarden noch twa kleasters yn Velp stifte, nammentlik it kleaster De Bronkhorst, dat yn 1858 ûntstie mei de oerdracht fan it kastiel Brockhorst oan 'e redemptoristinnen út Brugge. Yn 1990 ferlieten de lêste susters it kleaster. Jezuïten stiften yn 1860 in novisiaat mei de namme Mariëndaal. It kompleks is ûntwurpen troch de arsjitekt Albert Slootmaekers en waard yn 1887 útwreide mei in foarsjenning foar âlde prysters, mei de namme Oldenzaal. It kompleks en it lângoed waarden yn 1966 troch de paters Jezuïten ferkocht oan De Binckhof, in ynstitút foar minsken mei in ferstannelike beheining. De kleasters makken fan Velp in foarbyld by útstek fan it Rike Roomske Libben yn'e iuw wêryn't it roomsk-katolisisme sa'n grutte bloei meimakke (1860-1960).

De befolking fan Velp bleau foar in hiel skoft op likernôch 650 ynwenners hingjen. Yn 1919 wiene der 708 ynwenners en yn 1942 wie dat oantal omheech gien nei 946. Yn 2007 hie Velp likernôch 1.600 ynwenners, mar Grave hat ek nijbouprojekten boud op it eardere doarpsgebiet fan Velp.

De befolking bleau lang ôfhinklik fan 'e lânbou, itjinge somtiden lestich wie fanwegen de faak troch de Maas feroarsake oerstreamingen. De ferbettering fan 'e Maas yn 'e jierren 1930 makke in ein oan 'e wetteroerlêst. De komst fan De Binckhof yn 1966 soarge foar wurk yn 'e sûnenssoarch.

Ald-Velp Ald-Velp leit op in sânrêch dy't in oergong foarmet nei de klaaigrûn fan 'e Maas. It lintdoarp groeide om 'e âlde parochytsjerke en letter it Emmauskleaster hinne. Yn Ald-Velp stiet:

de Alde Sint-Finsintiustsjerke, wêrfan de âldste dielen út 'e 10e iuw datearje. Sûnt 1937 is de tsjerke net mear yn gebrûk as parochytsjerke. Hjoed-de-dei wurde der útstallings organisearre. it Emmauskleaster út 1645. it eardere redemptoristekleaster "De Bronkhorst" út 1858.

Nij-Velp Nij-Velp leit oan 'e eardere nasjonale rykwei De Bosk-Nijmegen, dy't hjir Bosschebaan hjit. It bestiet út in strjitte mei lintbebouwing en de nije parochytsjerke stiet hjir ek.

De Nije Sint-Finsintiustsjerke is in tsjerke út 1937 yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, boud neffens in ûntwerp fan M. van Beek en Kees van Moorsel. De tsjerke hat in breed skip. Neffens it plan soe der ek in hege klokketoer oan 'e westkant komme, mar dy is nea boud. In diel fan it meubilêr komt út 'e âlde parochytsjerke en de brânskildere ramen datearje út 1959 en binne fan M. Weiss. It eardere novisiaat fan Mariëndaal út 1860 waard tusken 2010 en 2012 ferboud ta in soarchhotel foar âlderein. Yn it omlizzende gebiet binne noch jimmeroan foarsjennings foar minsken mei in festannelike beheining. Ek it parkeftige terrein en it omlizzende bosk, mei syn hege natuerlike wearde, binne bewarre bleaun.

Lângoed It lângoed "Mariëndaal" is yn Ingelske lânskipsstyl oanlein en der binne dassehoalen te vinden. Ek westlik fan kleaster Emmaus lizze in pear broekbosken dy't by it nije natuergebiet Keent oanslute.

Noardlik fan Ald-Velp lizze de uterwaarden fan 'e Maas en súdlik fan Nij-Velp leit de Reekske Heide.

Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Plak yn Lân fan Cuijk Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1942