John Cleveley de Jongere (25 desimber 1747 - 25 juny 1786) wie in Britske keunstner en skilder fan seegesichten.

Libben en wurk Cleveley wie de soan fan John Cleveley de Aldere. Hy en syn twillingbroer Robert wiene allebeide, lykas harren heit, marineskilders. John en Robert waarden beide grutbrocht en oplaat yn skipswerven, mar rjochten har (benammen troch it produsearjen fan skilderijen spesjaal foar drukreproduksje) mei harren keunst ta in folle breder publyk as harren heit dien hie.

Hy waard oplaat troch de keunstner Paul Sandby yn Woolwich. Hy wie de tekener fan Joseph Banks op syn reis nei de Hebriden, Orkney-eilannen en Yslân. Syn sketsen waarden útwurke ta akwarellen, dêr't inkelde fan yn it British Museum telâne kommen binne. John waard ek oansteld om tekeningen dy't er makke op de twadde reis fan James Cook nei de Súdsee (1772-75) om te setten yn gravueres. Letter krige er ek tagong ta in part fan de keunst dy't makke waard op de tredde reis fan Cook, 1776-80 (fia tekeningen en eachtsjûgeferslaggen fan syn broer James, dy't timmerman wie op de tredde reis). Nettsjinsteande it feit dat John gjin fan beide ekspedysjes persoanlik meimakke, spile er gau yn op de nije fraach nei bylden fan de Súdsee. Hy produsearre bylden foar de drukkerijmerk, lykas de Dea fan Cook en de HMS Resolution en HMS Discovery by Moorea. [boarne nedich]

John de Jongere skildere de Royal Dockyards yn Deptford, Woolwich en Chatham (bygelyks de mei de hân kleure print A view of His Majesty's dockyard at Chatham, dêr't in marineskip op te wetter litten wurdt, in tewetterlittingssêne dy't in soad foarkomt yn it wurk fan sawol heit as soan; en Launch of HMS Alexander Deptat yn 1778. De tewetterlittingssênes fan John de Jongere litte lykwols de dokumintêre styl en de stivens fan John de Oude achter har en litte yn stee dêrfan in mear atmosfearysk, iepen útsjoch, mei lege hoarizonnen sjen dy't tinken dogge oan de 17 e-iuwske Nederlânske seeskilderkeunst út de Gouden Iuw.

Galery

Keppelingen om utens "The Cleveley Family", by Portcities

Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1747 Kategory:Persoan stoarn yn 1786