De Tsjerke fan Leur is in midsiuwsk tsjerke yn it Gelderske doarpke Leur. De tsjerke wurdt omfieme troch ikebeammen en leit op in ferhege tsjerkhôf, dat eartiids de foarboarch foarme fan in mottekastiel.

Skiednis Oarspronklik stie op it plak in houten tsjerkje. De hjoeddeiske 13e-iuwske tsjerke folge lykwols in romaanske, 12e- of 13e-iuwske tsjerke op. It is bysûnder dat yn 'e rin fan 'e 15e en 16e iuw trije muontsen út Leur abt fan it kleaster yn Kamp waarden, dat de patronaatsrjochten fan 'e tsjerke besiet.

Yn 1566 waard de tsjerke lykas oanbuorjende tsjerken ûnder ynfloed fan 'e reformaasje plondere troch soannen fan Herman fan Bronckhorst. Yn 1621 kaam de tsjerke yn hannen fan protestanten. De lokale hearen fan Leur hiene it kollaasjerjocht en koene dêrmei in dûmny foardrage om te beneamen. thumb|left|Koer. Oarspronklik wie it ûnderste diel fan 'e toer ûnderdiel fan it like brede skip. It portaal fan 'e toer hat ea tsjinst dien as finzenis. De spits fan 'e toer datearret út de 16e iuw en stiet hjoed-de-dei frijwat skeef.

It ûnderhâld fan 'e tsjerke wie de ferantwurdlikens fan 'e famylje fan Van Balveren, de eigners fan 'e state yn Leur. Oan 'e súdkant fan it koer is yn 1752 op midsiuwske fûneminten fan in eardere oanbou (nei alle gedachten de sakristy) in grêfkapel oanboud nei't Gerrit Willem van Balveren ferstoar. Hy wie de earste hear fan dat skaai yn Leur. De grêfkeamer wie foar de famyljes Van Balveren en de famylje Van Verschuer.

De tsjerke bleau oant 1976 yn gebrûk fan 'e Nederlânsk-Herfoarme tsjerke en waard yn dat jier oan 'e Stifting Gelderske Tsjerken oerdroegen. Yn 'e regel wurdt der troch de protestantske gemeente alle moannen noch in tsjerketsjinst holden. Ynterieur De tsjerke bestiet út in ienskippich 14e-iuwsk skip mei in houten tonferwulft. It hegere, begjin 16e-iuwske koer is fiifsidich sletten en hat in netferwulft. Yn it netferwulft binne noch fresko's fan û.o. hilligen út de boutiid fan it koer bleatlein. Fierder is der in preekstoel, in hurdstiennen 13e-iuwsk doopfont, in 17e-iuwske sark en in sakramintshûsje yn 'e foarm fam in nis yn 'e koermuorre. Yn 'e banken binne dielen fan letgoatysk fykwurk ferwurke, dy't by de restauraasje fan 1910-1912 fûn binne.

Oargel It oargel fan 'e tsjerke is in ienmanualich kammenetoargel dat tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw gearstald waard troch E. Leichel fan âlder materiaal. In grut part fan it piipwurk is 17e-iuwsk. It manuaal is 18e-iuwsk, lykas ek de wynlade.

Kategory:Leur Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Wijchen Kategory:Bouwurk út de 13e iuw