thumb|left|Arrested Development, konsert yn Het Depot (2006) Arrested Development is in Amerikaanske hiphopgroep út Atlanta. De groep waard oprjochte troch Speech en Headliner yn 1988 as in posityf, Afrosintrysk alternatyf foar de gangstarap dy't ein jierren '80 populêr wie. Baba Oje en frontman Speech troffen inoar op de Universiteit fan Wisconsin-Milwaukee doe't se beide studint wiene.
It earste album út 1992, 3 Years, 5 Months & 2 Days in the Life Of..., waard fjouwer kear platina yn harren thúslân en befettet de hitsingles Tennessee, People Everyday en Mr. Wendal. In jier letter ûntfong de groep twa Grammy Awards yn de kategory Bêste Rap Album en Bêste Nijkommer en waarden se útroppen ta Band fan it Jier troch it muzyktydskrift Rolling Stone.
It album Unplugged út 1993 helle de ferkeapsifers fan syn foargonger net, mar waard yn de Feriene Steaten wol mei goud bekroand.
Yn 1994 brocht de groep it album Zingalamaduni út, dat it sukses fan harren debút net helje koe. Arrested Development gie yn 1996 útinoar. De band hergroepearre yn 2000, lykwols sûnder DJ Headliner, en brocht sûnt fjouwer studio-albums út.
Groepslid Baba Oje ferstoar op 26 oktober 2018 oan leukemy; hy wie 86 of 87 jier.
Yn 2019 krige Arrested Development by de Black Honors in ûnderskieding foar harren bydrage oan de Afro-Amerikaanske muzyk.
Hjoeddeiske leden Speech - leadsang, produksje (1988-no) Jason "JJ Boogie" Reichert - gitaar, mix engineering, produksje (2000-no) One Love - sang (2001-no) Fareedah Aleem - sang, dûns, goreografy (2004-no) Tasha Larae - sang (2008-2021, 2023-no) Montsho Eshe - dûns, goreografy, sang (1990-1996, 2023-no)
Diskografy Sjoch: keppelingen om utens.
Keppelingen om utens www.arresteddevelopmentmusic.com allmusic-profyl discogs-profyl musicbrainz-profyl
Kategory:Amerikaanske danceband Kategory:Amerikaanske hiphopband Kategory:Grammy-winner Kategory:Band oprjochte yn 1988