Hernen is in doarp yn 'e Gelderske gemeente Wijchen.
Bestjoerlike yndieling Oant 1 jannewaris 1819 foarme it doarp in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard de gemeente by de doetiidske gemeente Bergharen foege. Yn 1984 waard de gemeente Bergharen by de gemeente Wijchen yndield.
Beskriuwing It plak Hernen leit op in útrinner fan in stosânrêch, mar net fuort oan it hjoeddeiske bêd fan 'e Maas. Ek it kastiel Hernen leit op in sânrêch. Fanút it hegerlizzende doarp waard ek stadichoan de legere grûn yn gebrûk nommen.
It doarp leit yn in boskrike omjouwing. Sûnt de oanlis fan 'e A50 oan 'e eastlike kant fan it doarp wurdt it doarpsgebiet midstwa snien. Dêrtroch kaam ek de hearlikheid Hernen apart te lizzen fan it kastiel Hernen. De bosken fan Hernen lizze op 'e âlde rivierdunen fan 'e Maas, dy't ûntstiene yn it lêste stik fan 'e lêste iistiid, doe't de Maas troch it drûge klimaat somtiden foar in grut part drûchfoel. It sân fan 'e rivier ferwaaide ta dunen en dêrop binne ek de âldste spoaren fan bewenning werom fûn.
De Hernenske Mar is in langwerpige en fiskrike mar súdeastlik fan 'e Hernenske Bosk, dat ûntstie troch in dyktrochbraak fan 'e Maas.wandelfolder-leur-en-hernense-bos.pdf PDF kuierfolder fan Geldersk kastielen.
It besjen wurdich De Sint-Judokustsjerke fan arsjitekt P. Th. Stornebrink mei in Hillich-Hertbyld. It 14e-iuwske kastiel Hernen, dêr't yn 1968 in part fan 'e telefyzjerige Floris opnommen waard. De mûne fan Hernen, in bultmûne út 1745 dy't eartiids by de hearlikheid Hernen hearde.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Wijchen Kategory:Plak yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1818