Kastiel Hernen is in 14e-iuwsk kastiel yn it Gelderske doarp Hernen. It kastiel leit yn it suden fan 'e provinsje yn 'e gemeente Wijchen.

Skiednis It kastiel ûntstie nei alle gedachten om 1350 hinne en bestie doe út in wentoer. Letter waard it kastiel ferskate kearen útwreide en stadichoan waard it eardere binnenplak jimmeroan mear folboud. De wentoer stoarte yn 'e 18e iuw yn.

Sûnt de 17e iuw wurdt it kastiel net mear bewenne. It kastiel waard ek nea belegere. Dêrtroch bleau it kastiel yn 'e rin fan 'e tiid goed bewarre en ha der net in soad feroarings oan it gebou west. As iennige fan 'e kastielen yn Nederlân binne de wargongen fan it kastiel oerdutsen.

Yn 1883 kocht de famylje Den Tex it kastiel. In dochter joech it kastiel yn april 1940 oan 'e stifting Vrienden der Geldersche Kasteelen, dy't foar dat doel stifte waard. Tusken 1942 en 1957 waard it kastiel restaurearre. In part fan it kastiel is tagonklik; in oar diel wurdt troch de A.A. Brediusstifting brûkt, in stifting dy 't as doel hat om de niget foar it Byzantynske erfgoed oan te trunen.De Gelderlander: Restanten Hernens oerkasteel ontdekt, 24 septimber 2009.

Argeology Fan grut belang foar de bouskiednis fan it kastiel binne de fjildûnen, dy't likernôch 600 m noardeastlik fan it kastiel lizze. Yn 2002 fûnen archeologen de resten fan 'e ûnen, dy't oanlein waarden foar it produsearjen fan 'e bakstiennen dêr't it kastiel fan boud waard.

Yn septimber 2009 ûntdutsen archeolooch Laurens Flokstra en histoarikus Wim Kattenberg de resten fan in mottekastiel, eastlik fan 'e Leursche Leigraaf. Op in âlde loftfoto fan 'e Royal Air Force seach Flokstra in sirkelfoarmige struktuer yn it gea, wêrnei't se mei in boaiemradar in radargram fan it terrein makken. Dêrút die bliken dat der in tichtsmiten mottegrêft yn 'e boaiem wêze moast. By de opgravingen dêrnei waarden 12e- en 13e-iuwske skerven op it plak fan 'e eardere grêft fûn. Ut oare fynsten op it sintrale plak fan it eardere kastiel die bliken dat de motte dêr yn it begjin fan 'e 12e iuw stien ha moat.

Trivia Yn 1968 fûnen op it kastiel Hernen opname's plak foar de telefyzjerirge Floris.

KAtegory:Hernen Kategory:Bouwurk yn Wijchen Hernen Hernen Kategory:Bouwurk út de 14e iuw