De mûne fan Hernen is in rûnen stiennen bultmûne sûnder namme, dy't eastlik fan it Gelderske doarp Hernen oan 'e oare kant fan 'e A50 stiet.
Skiednis De mûne waard yn 1745 boud en hearde doe by de hearlikheid fan Hernen. Yn 1959 waard it eigendom fan 'e mûne oerdroegen oan 'e stifting Vrienden der Geldersche Kasteelen en letter, yn 1975, oan It Geldersk Gea (Het Geldersch Landschap). Yn 2001 fûn in grutte restauraasje plak.
De flecht fan 'e mûne is 23,5 m en se ha Aldhollânske wjukken mei silen. De ynrjochting bestiet út twa koppel mealstiennen. De bult is 2,3 m heech.
In frijwillige mûnder set de mûne regelmjittich oan it wurk.
Oars Yn 'e telefyzjerige Floris waard de mûne yn 'e sechde ôflevering De Vrijbrief brûkt foar it saneamde wjukdraaien. Dêrby waarden fjouwer smjunten oan 'e wjukken fêstbûn. Dêrnei waard de mûne oan it draaien set.
Kategory:Hernen Kategory:Nôtmole Kategory:Bultmole Kategory:Bouwurk yn Wijchen Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Mole yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân