Kapelle is in gemeente op Súd-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De gemeente bestiet sûnt 1812. Yn 'e hjoeddeistige foarm bestiet de gemeente sûnt 1970. De gemeente grinzget yn it westen oan Goes en Borsele en yn it easten oan Reimerswaal.
Haadplak fan 'e gemeente is Kapelle. De gemeente Kapelle hat ynwenners () Gemeente Kapelle.
Skiednis De gemeente Kapelle waard op 1 jannewaris 1812 ynsteld ûnder it Earste Frânske Keizerryk, nei de ynfiering fan 'e Frânske Gemeentewet yn 1811. Nei it ûntstean fan it Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen yn 1813 bleau dy gemeentlike yndieling bestean.
Yn 1816 waard de ophefte gemeente Eversdijk by Kapelle foege. Yn 1941 waard de gemeente Schore opheft; it westlike part kaam by Kapelle en it eastlike part by Kruiningen. By de gemeentlike weryndieling fan 1970 waard ek de gemeente Wemeldinge by Kapelle foege. Dêrmei krige de hjoeddeiske gemeente Kapelle har foarm.
Plakken De gemeente Kapelle bestiet út fjouwer doarpskearnen: Kapelle, Wemeldinge, Biezelinge en Schore. De ynwennertallen hjirûnder binne fan 30 desimber 2022.
Plak Ynwenners (2022) Kapelle 6.935 Wemeldinge 3.102 Biezelinge 2.495 Schore 513
Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1812