Middelburch (Nederlânsk en offisjeel: Middelburg) is in gemeente op it skiereilân Walcheren yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De gemeente hat ynwenners en grinzget yn it westen en noarden oan Feare, yn it easten oan Goes en Borsele en yn it suden oan Flissingen.
Haadplak fan 'e gemeente is de stêd Middelburch, dy't yn 1217 stedsrjochten krige. Dat kin sjoen wurde as it begjin fan in gemeentlik bestjoer. Op 1 july 1966 waarden Nieuw- en Sint Joosland en Sint Laurens by de doetiidske gemeente Middelburch foege. Arnemuiden en Kleverskerke binne yn 1997 ûnderdiel wurden fan 'e gemeente Middelburch. Dêrfoar stelde de wet op 1 jannewaris 1997 in nije gemeente Middelburch yn.Wetten Overheid
Plakken Plak Ynwennertal (2026) Middelburch 43.906 Arnemuiden 5.153 Nieuw- en Sint Joosland 1.380 Sint Laurens 1.024 Kleverskerke 56
Fierder lizze de buorskippen Brigdamme, Nieuwe Abeele, Oudedorp en Schellach yn 'e gemeente.
Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997