Nieuwe Abeele is in buorskip yn 'e gemeente Middelburch yn 'e Nederlânske provinsje Seelân.

Foar 1870 wie Nieuwe Abeele in ûnderdiel fan Groot-Abeele. Mar troch it oanlizzen fan it Kanaal troch Walcheren (1870-1873) waard Nieuwe Abeele in selsstannich plak. It plak lei yn 'e gemeente Oost- en West-Souburg, dy't fan 1835 oant 1966 bestie.

Sûnt de weryndieling fan 1966 falt de buorskip ûnder de gemeente Middelburch. Der wiene al plannen om it yn 1941, tegearre mei it noardeastlike diel fan Koudekerke, ta te foegjen oan Middelburch.

De buorden mei de namme fan Nieuw Abeele waarden ferfongen troch dy fan Middelburch, sadat de namme hast nearne mear fermeld wurdt. Dochs wurdt Nieuw Abeele noch as plak beskôge, omdat it noch net troch de stêd opslokt is.

Kategory:Plak yn Middelburch Kategory:Plak stifte yn 1873