Schellach is in buorskip yn 'e gemeente Middelburch yn 'e Nederlânske provinsje Seelân.
Eartiids wie Schellach in hearlikheid en in doarp mei in tsjerke. Schellach waard as parochy neamd yn it jier 1274. By it belis fan Middelburch yn 1572/1574 waard hast it hiele doarp ferneatige.
De omjouwing fan Schellach stiet op 'e Argeologyske Monumintekaart. In tal terreinen hat de status fan beskerme monumint fanwegen de argeologyske wearde, ûnder oare in stik dat bekend is as de 'Fruitberg', mei spoaren fan in mooglike motte of wier. De hichte moat tusken 1690 en 1738 ôfgroeven wêze. 500 meter fierderop dêrfan leit it ferdwûne doarp. Op it terrein lizze der noch altyd fûneminten fan in tsjerke en tsjerkhôf dat sa'n 1.30 meter boppe it meanfjild útstekt, in mûne en wat huzen. It iennichste wat der noch oer is fan 'e tsjerke, is in lytse ferheging yn it lânskip. Fjouwerhûndert meter súdlik fan Schellach binne spoaren fan in letmidsiuwske fersterking.
Oant 1966 hearde Schellach by de gemeente Vrouwenpolder. Yn 'e 20e iuw binne der pleatsen boud, dy't no de buorskip foarmje. Tichteby de buorskip leit de tsiisbuorkerij Schellach.
Kategory:Plak yn Middelburch