Arnemuiden (Siuwsk: Erremu) is in stêd yn 'e Nederlânske gemeente Middelburch yn 'e provinsje Seelân. De stêd leit op it skiereilân Walcheren. Yn 2026 hie Arnemuiden 5.153 ynwenners.
Skiednis Arnemuiden wurdt al yn 1223 neamd. Yn 1338 fûn by Arnemuiden in ferneamde seeslach plak, wêrby't foar it earst buskruitwapens brûkt waarden. It âlde doarp ferdwûn yn 'e 15e iuw yn 'e weagen. It hjoeddeiske Arnemuiden (stifte om 1462) groeide troch syn strategyske lokaasje út ta in wichtige havenstêd foar de hannel mei de Hânze, Frankryk en Ingelân. Op syn hichtepunt leine dêr hûnderten skippen tagelyk. Yn 1505 waard útein set mei de bou fan 'e oan Sint-Martinus wijde krústsjerke. Ek oare nije gebouwen tsjûgen fan 'e opgong fan Arnemuiden.
Oarloch en stedsrjochten thumb|left|De yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw ôfbrutsen Sint-Martinustsjerke. Yn 1572 keas Arnemuiden de kant fan Willem fan Oranje. Dit late ta in ferneatiging troch Spaanske troepen ûnder d'Avila, wêrby't hûnderten ynwenners omkamen. As beleaning krige it plak yn 1574 stedsrjochten, wat soarge foar in nije bloeiperioade troch hannel en sâltwinning.
Reformaasje en ferfal De reformaasje krige ein 16e iuw stadichoan foet oan 'e grûn; yn 1625 wie it grutste part fan 'e befolking grifformeard. Yn 'e 17e iuw kaam lykwols de delgong: de haven fersâne en de hannel rûn tebek. It plak ferlear syn glâns en waard in gewoan fiskersdoarp. In soad minsken ferfarden en de hûzen rekken yn ferfal. De de grutte krústsjerke en it stedhûs waarden yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw ôfbrutsen waarden en ferfongen troch lytsere gebouwen.
Fiskerij en oarlochstiid Nei it ferlies fan 'e hannel rjochte Arnemuiden him op 'e fiskerij. De oanlis fan it spoar troch it Sloe (1870) wie in nije tebeksetter. It spoar kaam noardlik fan Arnemuiden te lizzen en foar dat doel moasten de âlde festingwallen sljochte en de grêf tichtsmiten wurde. De fiskers moasten dêrom útwike nei de haven fan Flissingen of Feare. Yn 1901 hie de stêd noch in float fan 65 skippen. Foar safier de fiskers harren ek yn Arnemuiden nei wenjen setten, diene hja dat yn in eigen strjitte dêr't ek de eigen gewoanten en dracht noch hanthavene waard.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich tsjinne Arnemuiden as lazaretdoarp, mar waard dochs swier troffen troch alliearde besjittings by de Slach om de Sloedaam.
Arnemuiden hjoed-de-dei Tsjintwurdich betinkt it Museum Arnemuiden yn it âlde stedhûs en it 'Uusje van Eine' de rike fiskerijskiednis, de streekdracht en it ferline fan it plak.
Dracht fan Arnemuiden thumb|left|De dracht healwei de 19e iuw. Foar 1880 droegen de froulju yn Arnemuiden de Walcherske dracht, werkenber oan 'e lytse boppemûtse. Dy saneamde fiskersmûtse waard oant likernôch 1950 droegen en is yn 'e resintere dracht ferkrongen troch in gruttere boppemûtse. De dracht waard oant djip yn 'e 20e iuw algemien droegen, foaral by de tsjerkegong. Yn 2025 wie de 89 jier âlde Jaan Geense út Arnemuiden de lêste Siuwske frou dy't har alle dagen folslein yn dracht klaaide. Troch it museum en by kulturele demonstraasjes wurdt de dracht noch yn stân hâlden.
It besjen wurdich thumb|Arnemuidse visleurster. Mûne Nooitgedacht Skulptuer Arnemuidse visleurster foar de doarpstsjerke Museum Arnemuiden Histoaryske Skipswerf C.A. Meerman
De klok fan Arnemuiden Arnemuiden is bekend fan syn klok wêr't in liet oer skreaun is. Wendt het roer - we komen thuis gevaren Rijk was de buit - maar bang en zwaar de nacht Land in zicht en onze ogen staren Naar de kust die lokkend op ons wacht
Als de klok van Arnemuiden Welkom thuis voor ons zal luiden Wordt de vreugde soms vermengd met droefenis Als een schip op zee gebleven is
Rijke zee - waarvan de vissers dromen Want jij geeft brood aan man en vrouw en kind Wrede zee jij hebt zo veel genomen In jouw schoot rust menig trouwe vriend
Als de klok van Arnemuiden Welkom thuis voor ons zal luiden Wordt de vreugde soms vermengd met droefenis Als een schip op zee gebleven is
Kategory:Plak yn Middelburch Kategory:Eardere gemeente yn Seelân