Brigdamme (Siuwsk: Perdamme) is in buorskip yn 'e gemeente Middelburch. It leit tusken Middelburch en Sint Laurens.

Skiednis Brigdamme wie yn 'e Midsiuwen in selsstannige parochy. Yn 1205 waard it plak foar it earst neamd. It doarp rekke yn it neigean doe't yn 1562 de tsjerke ôfbaarnde en dêrnei net werboud waard. De lêste resten fan 'e tsjerke waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich ôfbrutsen. Op it âld tsjerkhôf stiet no in pjutteboartersplak.

Bestjoer Brigdamme wie in eigen hearlikheid en gemeente oant 1816. Fan 1816-1966 hearde Brigdamme by de gemeente Sint Laurens. Op 1 july 1966 waard dy gemeente opheft en by de gemeente Middelburch yndield.

Kategory:Plak yn Middelburch Kategory:Eardere gemeente yn Seelân