Oudedorp (Siuwsk: 't Ouwedurp) is in buorskip yn 'e gemeente Middelburch. De buorskip leit yn 'e Oud-Sint-Jooslandpolder.

De buorskip ûntstie yn 1631 ûnder de namme "Sint Joosland". Nei de oprjochting fan it doarp Nieuwland yn 'e Middelburchske Polder, waard Sint Joosland hieltyd faker Oudedorp neamd. Yn 1816 waarden de ambachten Sint Joosland en Nieuwland gearfoege. Sa ûntstie de gemeentenamme Nieuw- en Sint Joosland. Dizze namme waard letter de offisjele namme fan it haaddoarp Nieuwland. Hjirnei krige de buorskip offisjeel de namme Oudedorp.

Oudedorp hat nea echt groeie kinnen. Al yn 'e santjinde ieu waard de tsjerke fan 'e mienskiplike polders yn Nieuwland boud, dêr't boppedat it haventsje foar de ferskate polders oanlein waard.

Oudedorp is in foarbyld fan in saneamd foarstrjittedoarp, in doarpsfoarm dy't benammen foarkomt yn 'e polders fan Súdwest-Nederlân. Typysk is yn it gefal fan Oudedorp de heakske lizzing fan 'e Sint-Jooslandstrjitte op 'e Boomdijk/Binnendijk. It gebiet bewesten de dyk wie oarspronklik in sydearm fan 'e Westerskelde nei it havenkanaal fan Middelburch.

Kategory:Plak yn Middelburch Kategory:Eardere gemeente yn Seelân