Sint Laurens is in doarp yn 'e gemeente Middelburch yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hie yn 2026 925 ynwenners.

Sint Laurens is troch de lintbebouwing fan 'e buorskip Brigdamme ferbûn mei Middelburch. It doarp leit sûnt de maitiid fan 2011 bewesten de rykswei N57 (dy't Middelburch oer Skouwen-Duvelân ferbynt mei it Rotterdamske havengebiet). Foar de iepening fan 'e N57 wie it âlde trasee in drokke ferkearsdyk yn it doarp. thumb|left|Kastiel Popkensburg. Sint Laurens ûntstie om de kapel fan kastiel Popkensburg hinne. It kastiel, dat nei alle gedachten al yn 'e 13e iuw bestie, waard yn 1863 ôfbrutsen. Ek de tunen om it kastiel waarden ferneatige. De sloop fan it kastiel sette in soad kwea bloed ûnder de befolking en der ûnstiene geroften dat elkenien dy't mandélich wie oan 'e ôfbraak, ferflokt wie. Hjoed-de-dei stiet op dat plak de pleats Popkensburg.

Oant de weryndieling fan 1966 wie Sint Laurens in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard de gemeente, dêr't ek Brigdamme ta hearde, by de gemeente Middelburch yndield. De Middelburchske wyk Klarenbeek is yn 'e jierren 1970 op earder grûngebiet fan Sint Laurens boud.

By de ynstelling fan 'e postkoadegebieten yn 1978 waard Sint Laurens net as apart plak behannele, mar as in wyk fan Middelburch.

Kategory:Plak yn Middelburch Kategory:Eardere gemeente yn Seelân