Biezelinge is in doarp yn 'e Nederlânske gemeente Kapelle, provinsje Seelân. It doarp hie yn 2022 2.495 ynwenners.

It doarp wurdt fan Kapelle skieden troch it spoar. Der is in stasjon (Kapelle-Biezelinge).

Biezelinge ûntstie oan 'e râne fan in grutte stream dy't fan noard nei súd troch Súd-Bevelân rûn. Yn 'e alfte iuw waard dy stream ôfdamme; restanten fan 'e daam binne fûn ûnder de Haadstrjitte en it hjoeddeiske Merkplein. thumb|left|Biezelinge om 1650 hinne. Eartiids hie it doarp in haven, dy't yn ferbining stie mei de Westerskelde. In restant fan dy ferbining is de Swarte wiel, populêr as fiskfiver en winterdeis as reedrydbaan. De haven slike lykwols yn 1717 ticht en is hjoed-de-dei it Merkplein en in boartersfjild.

Berne yn Biezelinge Andries de Maaker (9 oktober 1868), arsjitekt Jozias Fraanje (20 oktober 1878), predikant Grifformearde Gemeenten Jan Peter Balkenende (7 maaie 1956), earder Nederlânsk minister-presidint

Kategory:Plak yn Kapelle