Eversdijk is in buorskip yn 'e Siuwske gemeente Kapelle. Oant 1815 wie it in selsstannige gemeente, wêrnei't it by Kapelle foege waard. Eversdijk waard yn 'e typyske ringdoarpstyl oanlein, dy't frij algemien is op Súd-Bevelân.

Untstean en groei It doarp ûntstie yn 'e 11 iuw yn it midsiuwske feanlânskip fan Súd-Bevelân. De namme is ôflaat fan in ûnbekende 'Everdeis', dy't troch de doarpelingen in lyts dykje oanlizze liet. De bewenners libben fan 'e ôfgraving fan it fean.

De bebouwing konsintrearre him op it snijpunt fan twa diken. Tusken dy twa diken waard in ferbiningswei oanlein en tusken dy trije diken boude it neiteam fan Everdeis in oan 'e hillige Paulus wijde tsjerke. De tsjerke fan it buordoarp 's-Heer Abtskerke fungearre dêrby as memmetsjerke.

Ferfal en hjoeddeiske sitewaasje thumb|left|Eversdijk yn 'e Atlas Schoemaker. Yn 'e rin fan 'e tiid rekke it fean om it doarp hinne op, wêrmei't in ein oan 'e ûntwikkeling fn it doarp kaam. Nei de Reformaasje rekke de tsjerke bûten gebrûk en ferfoel er. Yn 'e achttjinde iuw wie Eversdijk al sa slim yn it neigean rekke, dat it in buorskip waard dêr't net mear genôch minsken wennen om in gemeentebestjoer te foarmjen. Dat late yn 1815 ta de gearfoeging mei Kapelle.

De ferinnewearre tsjerke stoarte yn 1821 yn en waard ôfbrutsen; de toer folge yn 1840. Hjoed-de-dei bestiet Eversdijk út ferspraat steande pleatsen en wenhûzen oan 'e midsiuwske tsjerkering, de Kerkhofweg en de Eversdijkseweg.

De tsjerke De tsjerke fan Eversdijk wie wijd oan 'e hillige Paulus. Al by de Reformaasje waard Eversdijk op tsjerklik mêd by Kapelle lutsen. De tsjerke waard fan dat stuit ôf net mear brûkt en stoarte yn 1821 yn. Yn 1840 waard ek de toer ôfbrutsen. thumb|left|Tsjerkering. De klok wie yn 1525 getten troch Petrus Waghevens en hie in tige suver lûd. De klok droech it folgjende opskrift: Sebastiaen ben ic ghegoten van Peter Waghevens te Mechelen binnen lof heb God tot rechter minnen, MCCCCCLLD. Under dit opskrift wiene fjouwer ôfbyldings te sjen, mooglik foarstellings út it libben fan 'e hillige Sebastiaan. Op 11 juny 1840 is de klok iepenbier ferkocht. Doe't de klok fan 's-Heer Abtskerke skuord en ûnbrûkber wurden wie, is de klok út Eversdijk dêr bedarre troch in ruil mei de boargerlike gemeente Kapelle.

Kategory:Plak yn Kapelle Kategory:Eardere gemeente yn Seelân