Wemeldinge is in doarp yn 'e Nederlânske provinsje Seelân oan 'e Easterskelde en de noardlike mûning fan it Kanaal troch Súd-Bevelân. Oant 1970 wie Wemeldinge in selsstannige gemeente. It doarp hat krapoan 3.100 ynwenners (2026).

Namme De namme Wemeldinge komt fan in persoansnamme yn kombinaasje mei -inge. Dizze persoansnamme is nei alle gedachten de Germaanske namme Wimald, in ferkoarting fan Werimbald. Yn it ferline is ek wol tocht oan de namme Winiwald. Wemeldinge betsjut sadwaande soksawat as 'by de lju fan Wimald'. Siuwske plakken wêrfan de namme einiget op -inge hearre ta de âldste fan 'e provinsje.

It besjen wurdich thumb|left|De twa mûnen fan Wemeldinge. Yn it doarp stiet op in wier de Sint-Martentsjerke. It skip en it koer binne 15e-iuwsk en de toer 14e iuwsk. Eastlik fan 'e tsjerke leit mei in hichte fan alve meter de heechste wier fan Seelân. In oan 'e oare kant fan 'e tsjerke lizzende wier mei in hichte fan fjirtjin meter is hjoed-de-dei hielendal ferdwûn. Yn Wemeldinge steane twa nôtmûnen: De Hoop út 1866 en de Aeolus út 1869.

Fierder is in part fan it doarp, de mei linebeammen beplante Doarpsstrjitte, oanwiisd as beskerme doarpsgesicht, ien fan 'e beskerme steds- en doarpsgesichten yn Seelân.

Omkriten Wemeldinge heart by de gemeente Kapelle. Kapelle leit op likernôch 3 km fan Wemeldinge. It doarp leit midden yn 'e greiden. Oan 'e noardlike kant fan Wemeldinge leit it grutste nasjonale park fan Nederlân, it Nasjonaal Park Easterskelde.

Kategory:Plak yn Kapelle Kategory:Eardere gemeente yn Seelân