Schore is in lyts doarp yn 'e gemeente Kapelle yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarpke leit op Súd-Bevelân en hat 495 ynwenners (2026).
Oant 1941 foarme it doarp tegearre mei it tichteby lizzende buorskip Vlake de selsstannige gemeente Schore, dy't dêrom soms ek Schore en Vlake neamd waard.
thumb|left|De yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige tsjerke. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it doarp swier troffen troch ferneatigingen. Sa moast der in nije tsjerke boud wurde en waard ek it gemeentehûs ferwoastge. Sadwaande waard de oant dan ta selsstannige gemeente Schore yn 1941 opheft en by it buordoarp Kapelle foege en dat is noch jimmeroan sa.
Foar oare foarsjennings lykas de supermerk en de hûsdokter is it doarp foaral oanwiisd op it tichteby lizzende Hansweert.
Berne Jo de Roo (1937), hurdfytser
Kategory:Plak yn Kapelle Kategory:Eardere gemeente yn Seelân