Kapelle is in doarp op Súd-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It is it haadplak fan 'e gemeente Kapelle. Kapelle hat 9.609 ynwenners (2026).

Skiednis De âldste spoaren fan bewenning datearje út de Romeinske tiid. Der binne potskerven fûn út de 3e iuw. It hjoeddeiske Kapelle is ûntstien oan 'e ouwers fan in grutte stream dy't yn 'e 10e iuw troch Súd-Bevelân rûn. Om dy tiid hinne groeiden ferskillende lytse delsettings, lykas Maalstede en Dijkwel, nei inoar ta. Dijkwel, dat súdwestlik fan 'e hjoeddeiske kearn lei, bestie út mar in pear huzen en tanke syn namme oan in dyktrochbraak wêrby't in wiel ûntstien wie. Maalstede is de âldste delsetting fan 'e twa. Dêr stie de earste kapel dêr't it doarp syn namme oan tanket.

thumb|left|Slot Maalsstede. De kapel hearde by it kastiel Maalstede, in besit fan 'e hearen fan Maalstede. Yn 'e 13e iuw waard der in nije kapel boud op 'e hjoeddeiske lokaasje. Mei troch de hearen fan Maalstede feroare dy kapel yn 'e rin fan 'e tiid ta ien fan 'e grutste doarptsjerken fan Seelân. De kapel soe syn namme jaan oan it doarp Kapelle.

Yn 'e 14e iuw kaam der in nije aadlike famylje yn Kapelle wenjen: de hearen fan Bruëlis; hja bouden it kastiel Bruëlis dat wat tichter by it hjoeddeiske tsjerkeplein stie. Oare kastielen dy't it neamen wurdich binne wiene Gistellis, Poucques, Pronkenburg en it mottekastiel Duivelsberg. It eilantsje fan it kastiel Maalstede bestiet noch en it plak dêr't de fûneminten fan kastiel Bruëlis leine is bewarre bleaun. Ek de Duivelsberg is noch werom te finen as in lichte ferheging fan it lânskip yn de wyk Eliwerve.

Troch de oanlis fan 'e Postwei yn 'e 18e iuw kaam Kapelle oan in wichtige rûte te lizzen. Yn 1850 waard mei de oanlis fan it kanaal troch Súd-Bevelân útein set, nei njoggentjin jier waard it iepene. It foarmet de eastlike grins fan 'e hjoeddeiske gemeente. De oanlis fan it spoar Bergen op Zoom - Flissingen yn 1872 wie fan like grut belang foar Kapelle.

De opkomst fan 'e moderne fruittylt en de dêrmei gearhingjende aktiviteiten lykas de feiling en meganisaasjebedriuwen soarge sûnt de 20e iuw foar in rappe groei fan Kapelle. Ferskate nije wiken en bouplannen waarden útfierd. Ein jierren 1930 waard de nije rykswei foltôge, wêrnei't begjin jierren 70 de fjouwerbaanske snelwei (A58) ree kaam.

It besjen wurdich De goatyske protestantske tsjerke hat in 65 m hege toer út de 14e iuw. It skip en it koer datearje út de 15e iuw. De tsjerke hat in bysûnder Bätz-Witte-oargel út 1866. De Petratsjerke is de tsjerke fan 'e Grifformearde Gemeente, in yn Kapelle rap groeiende tsjerkemienskip. De tsjerke is yn 2011 útwreide nei 1.350 sitplakken. It Fruitteeltmuseum is in museum oer de skiednis fan 'e foar Kapelle wichtige fruittylt. It Memorial 40-45 betinkt de Twadde Wrâldoarloch.

Frânsk militêr begraafplak Op 16 maaie 1940 waard by Kapelle fûleindich fochten tusken Dútske troepen en Frânske ienheden dy't de Nederlanners holpen. In dei letter waarden 65 fallen Frânsen troch de befolking begroeven. thumb|left|Frânsk militêr begraafplak. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden alle Frânske militairen dy't yn 'e oarloch yn Nederlân stoaren en dy't net nei Frankryk repatriëarre waarden op 'e nij begroeven op it Frânsk militêr begraafplak fan Kapelle. Op 16 maaie 1950 waard it Frânsk militêr begraafplak offisjeel yn gebrûk nommen, dat oan 'e râne fan it doarp leit. it is it lêste rêstplak fan 219 Frânske militairen, wêrûnder 20 Marokkaanske en Algerynske militêren dy't yn Frânske tsjinst stoaren en 1 Belgyske militêr. De Marokkaanske soldaten binne lykwols net yn Seelân stoarn. It begraafplak is sa bysûnder om't it it iennige Frânske begraafplak yn hiel Nederlân is.

Berne Annie M.G. Schmidt (1911 - 1995)

Kategory:Plak yn Kapelle Kategory:Eardere gemeente yn Seelân