Frontier Marshal is in Amerikaanske swart-wyt-westernfilm út 1939 ûnder rezjy fan Allan Dwan, mei yn 'e haadrollen Randolph Scott en Nancy Kelly. De titel betsjut "Marshal oan 'e Amerikaanske frontier". It wie de twadde fan trije films basearre op it boek Wyatt Earp: Frontier Marshal fan Stuart N. Lake, dat in biografy fan 'e bekende revolverman Wyatt Earp hiet te wêzen. Frontier Marshal wie dêrmei in remake fan 'e film mei deselde namme út 1934, dy't ek troch produsint Sol M. Wurtzel makke wie.
Plot Boarne: de plotbeskriuwing (tabblêd Synopsis) yn 'e filmkatalogus fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI).
Yn 'e 1880-er jierren is Ben Carter de eigner fan it Palace of Pleasure, ien fan 'e grutste saloons yn it mynboustedsje Tombstone (Arizona). Hy is poer as syn wichtichste konkurrint, de Belle Union, animearfamkes út Chicago oerkomme lit om "syn" klandyzje te "stellen". Dêrom fiert er Indian Charlie, ien fan syn wurknimmers, dronken, wêrnei't er dyselde de Belle Union oan grôt sjitte lit. As de marshal wegeret en gryp yn, docht in nijynkommeling syn wurk foar him. It giet om in eardere ferkenner foar it Amerikaanske Leger mei de namme Wyatt Earp.
Neitiid biedt boargemaster Henderson Earp de funksje fan marshal oan, mar hy slacht it oanbod ôf. Letter wurdt er lykwols troch Curly Bill en oare leden fan 'e binde fan Carter mei geweld ûntfierd nei de mesa bûten Tombstone, dêr't se him in flink wan bruien jouwe om him syn bemuoienis mei oarmans saken ôf te learen. Dat wurket lykwols averjochts, want troch dat foarfal beslút in wrokjende Earp it oanbod om marshal te wurden oan te nimmen.
Neitiid begjint marshal Earp regaad te meitsjen yn Tombstone. Dêrby jaget er Jerry, dy't as dûnseresse yn ien fan 'e pleatslike saloons wurket, tsjin him yn it harnas as er har trappearret op falskspyljen by in potsje poker. De revolverman en eardere dokter Doc Halliday (sic) arrivearret om foar Jerry op te kommen, en besiket Earp om 'e nocht ta in duël mei de revolvers te provosearjen. Wannear't Halliday in hoastersbui kriget dy't sa mâl is dat er himsels net ferdigenje kin, sjocht in oare gokker, Dan Blackmore, syn kâns skoan om him dea te sjitten. Mar dat plantsje leit Earp daliks it near op, en fan gefolgen wurde hy en Halliday freonen, ta argewaasje fan Jerry.
Sarah Allen, de eardere ferloofde fan Halliday, arrivearret yn Tombstone nei't se twa jier lang om him socht hat. Halliday hjit har om nei hûs te gean, mei't hy net deselde man is dêr't sy yn Illinois kundskip oan hie. Sarah leit har dêr net by del en bliuwt yn Tombstone wylst se har op fierdere stappen beriedt. Net folle letter komt artyst Eddie Foy, in bekende sjonger en dûnser, yn Tombstone oan foar in stikmannich optredens yn 'e Belle Union. Krekt foar syn earste foarstelling wurdt er lykwols ûntfierd troch Buck Newton, in trewant Carter, en wurdt er twongen om ynstee op te treden yn it Palace of Pleasure. Earp en Halliday rêde Foy, wêrby't Halliday Newton deasjit.
Dy jûns rekket Halliday dronken en ferliest er alle selsbehearsking, sadat Earp him bewusteleas slaan moat. As er syn maat yn dy syn hotelkeamer op bêd bringt, fynt er dêr in foto fan Sarah Allen yn syn beurs. Neitiid giet Earp nei Sarah ta en fertelt har dat se net wer nei hûs gean moat, sa't Halliday tsjin har sein hat, om't er wol deeglik om har jout en om't er it letterlik bestjerre soe as se fuortgie.
Underwilens kriget Jerry der lucht fan dat Earp sels as bewekker meiride sil op 'e postkoets dy't de folgjende goudlading ferfiere sil. Se giet mei dy ynformaasje nei Carter ta, mei't se wit dat dyselde mei syn binde besykje sil it goud te stellen. Har bedoeling is dat Earp by de oerfal deasketten wurde sil, mar it plan mislearret trochdat Halliday ek mei de postkoets meireizget om by Sarah wei te kommen. As Carter-en-dy harren wraam op it goud dogge, ûntstiet der in sjitpartij wêrby't Carter sels omkomt en Halliday lichtferwûne rekket.
Werom yn Tombstone befellet Earp dat it Palace of Pleasure ticht moat. Wannear't er dat besiket ôf te twingen, komt it ta in nije sjitpartij mei de leden fan Carter syn binde. Earp sels bliuwt ûnskansearre, mar in jonge Meksikaanske jonge, Pablo, wurdt rekke troch in ferdwaalde kûgel. Mei't de pleatslike dokter fuort is, moat Halliday mei tsjinnichheid Pablo operearje om syn libben te rêden. Dêrby wurdt er assistearre troch Sarah. Wannear't er neitiid de saloon ferlit dêr't de operaasje plakfûn hat, wurdt Halliday út in mûklaach wei deasketten troch Curly Bill en de oare trewanten fan Carter.
Earp giet efter de binde oan en befjochtet harren by O.K.-Kraal, in pleatslike feekraal. Hy deadet alle bindeleden útsein Curly Bill, dy't it stedsje yn flechtet. Wannear't Curly Bill besiket en sjit Earp fan efteren ôf dea, wurdt er ynstee sels deasketten troch Jerry mei de revolver fan Halliday. Neitiid beslút Sarah om har yn it no feilige Tombstone nei wenjen te setten, wylst Jerry derfoar kiest om it stedsje te ferlitten. Foar't se ôfset, besiket se it grêf fan Doc Halliday, om ôfskie te nimmen fan 'e man fan wa't se wier hold.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Wyatt Earp Randolph Scott Sarah Allen Nancy Kelly
byrollen personaazje akteur/aktrise Doc Halliday Cesar Romero Jerry Binnie Barnes Ben Carter John Carradine Dan Blackmore Edward Norris Curly Bill Brocius Joe Sawyer Eddie Foy Eddie Foy jr. marshal Ward Bond Pringle Lon Chaney jr. Pete Chris-Pin Martin Dave Hall Dell Henderson boargemaster Henderson Harry Hayden Pablo Ventura Ybarra Indian Charlie Charles Stevens Buck Newton Tom Tyler
Produksje en distribúsje Boarne Frontier Marshal waard basearre op Wyatt Earp: Frontier Marshal, in boek fan sjoernalist en amateur-histoarikus Stuart N. Lake. Dat boek hiet in biografy fan 'e ferneamde revolverman út it Wylde Westen Wyatt Earp te wêzen, dy't skreaun wêze soe neffens de ferhalen dy't Earp sels oan Lake ferteld hie by in stikmannich fraachpetearen. Letter die bliken (en joech Lake ta) dat er it ferhaal fierhinne sels optocht hie.
Wyatt Earp: Frontier Marshal wie yn 'e 1930-er en 1940-er jierren tige populêr yn 'e Feriene Steaten en winliken wie it dizze 'biografy' dy't Wyatt Earp en syn wichtichste wapenfeit, de Sjitpartij by de O.K.-Kraal, ynbêde yn it Amerikaanske kollektyf ûnthâld. Op it boek waarden trije films basearre, wêrfan't Frontier Marshal de twadde wie. Earder wie der yn 1934 al in film ûnder deselde titel ferskynd, wylst yn 1946 My Darling Clementine útbrocht wurde soe. Dy lêste ferfilming, fan 'e hân fan regisseur John Ford, is fierwei it bekendste wurden, mar stipe swier op Frontier Marshal út 1939, mei hiele sênes dy't frijwol sûnder feroarings op 'e nij opnommen waarden.
Earp syn widdo, Josephine Earp, dy't der alles oan gelegen wie om har eigen ferline en dat fan har man silger te behimmeljen, besocht de publikaasje fan it boek fan Lake tsjin te kearen. Dat slagge net, mar de dingen dy't se beslist bûten it boek hâlde woe, lykas har eigen eftergrûn as prostituee en it feit dat Earp sawol bordeelhâlder west hie as útbater fan saloons dêr't gokt wurde koe, waarden troch Lake likegoed út it boek holden.
Yn 1934, doe't se gewaar waard dat der in ferfilming fan Wyatt Earp: Frontier Marshal op til wie, spande Josephine Earp in rjochtsaak oan tsjin 'e belutsen filmstudio, de Fox Film Corporation, om in skeafergoeding fan $50.000 te easkjen foar de "ûnautorisearre portrettearring" fan har man silger. Frou Earp wie net samar ien, want se wenne yn Los Angeles en hie machtige freonen yn 'e filmyndustry, ûnder wa de filmprodusint Cecil B. DeMille en filmstjer Gary Cooper. Der waard sadwaande in skikking troffen, wêrby't de namme fan Wyatt Earp folslein út it senario skrast waard (om ferfongen te wurden troch "Michael Wyatt"). Ek de titel fan 'e film waard feroare: ynstee fan Wyatt Earp: Frontier Marshal waard it koartwei Frontier Marshal.
Doe't der yn 1939 in remake fan 'e film makke wurde soe, kaam Josephine Earp fannijs yn it gewear. Se sleepte de rjochtsopfolger fan 'e Fox Corporation, 20th Century Fox, foar de rjochter en easke op 'e nij in skeafergoeding fan $50.000. Op 'e nij waard de kwestje op minlike wize skikt: de studio sei ta de namme fan Wyatt Earp út 'e titel fan 'e film te hâlden (sadat de film op 'e nij koartwei Frontier Marshal kaam te hjitten). Mar de haadpersoan kaam diskear wól Wyatt Earp te hjitten, en foar it rjocht om dat te dwaan betelle de studio frou Earp it bedrach fan $5.000, mei dêropta royaltys út 'e opbringst fan 'e film. 20th Century Fox feroare de namme fan 'e histoaryske gokker en revolverman Doc Holliday yn Frontier Marshal wol yn "Doc Halliday" om in rjochtsaak fan 'e famylje Holliday foar te wêzen.
Produksje Frontier Marshal waard regissearre troch Allan Dwan nei in senario fan Sam Hellman. As produsint wie Sol M. Wurtzel by it projekt belutsen foar de filmstudio 20th Century Fox. Wurtzel wie ek de produsint fan 'e film mei deselde namme út 1934, dêr't dizze produksje in remake fan wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles G. Clarke, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Samuel Kaylin.
Distribúsje De distribúsje fan Frontier Marshal waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 28 july 1939 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Historisiteit Krekt as de oare films dy't basearre waarden op it boek Wyatt Earp: Frontier Marshal, nimt Frontier Marshal in loopke mei de wurklikheid. Sa hie Wyatt Earp (1848–1929) yn syn libben gâns beroppen, mar nea wied er in ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Ek wied er al mei Doc Holliday (1851–1887) befreone foar't sy tagelyk yn Tombstone oankamen. De bynamme "Doc" fan Holliday wie in ferwizing nei it feit dat er fan oarsprong toskedokter wie, en gjin dokter, sa't de film hawwe wol. Fierders kaam er net út Illinois, mar út Georgia. Oars as yn 'e film stoar Holliday yn it echt net oan in skotwûne, mar naam er diel oan sawol de Sjitpartij by de O.K.-Kraal as oan 'e Earp Vendetta Ride en beswiek er op 8 novimber 1887 yn Glenwood Springs yn Colorado oan tuberkuloaze (dêr't yn 'e film nei ferwiisd wurdt mei de hoastersbui).
De bruorren fan Wyatt Earp, Virgil en Morgan, dy't yn it echt sokke wichtige rollen spilen yn 'e foarfallen yn Tombstone, komme yn 'e film net foar. Hoe't de dea fan Doc Holliday yn Frontier Marshal ôfskildere wurdt, liket lykwols in kombinaasje te wêzen fan 'e (mislearre) moardoanslach op Virgil Earp op 28 desimber 1881, wêrby't dyselde út in mûklaach wei delsketten waard doe't er in saloon ferliet, en de moard op Morgan Earp op 18 maart 1882. Wat de froulju yn 'e film oanbelanget, is it net alhiel dúdlik wa't se foarstelle moatte. Jerry soe in gâns ferwrongen ferzje fan Big Nose Kate (Mária Izabella Horony, 1849–1940) wêze kinne, in prostituee dy't de libbenspartner fan Doc Holliday wie. Sarah Allen soe in ophimmele ferzje wêze kinne fan Josephine Earp (1861–1944). Dyselde wie in eardere prostituee dy't lykwols yn Tombstone in relaasje mei Earp krige en nea in relaasje mei Holliday hie.
De tsjinstanners fan Wyatt Earp en Doc Holliday binne yn Frontier Marshal de pleatslike salooneigner Ben Carter en syn trewanten. Yn it echt gie it om The Cowboys, in bredere binde sûnder dúdlike lieder, dy't ûnderstipe waard troch in diffuse kloft meistanners. De Sjitpartij by de O.K.-Kraal waard yn it echt útfochten troch Virgil Earp, dy't de pleatslike marshal wie, bystien troch syn bruorren Wyatt en Morgan en Wyatt syn maat Doc Holliday oan 'e iene kant, en fiif fan 'e Cowboys oan 'e oare kant: de bruorren Ike en Billy Clanton, de bruorren Frank en Tom McLaury en Billy Claiborne. Billy Clanton en de bruorren McLaury waarden by it treffen deasketten, mar Ike Clanton en Billy Claiborne wisten te ûntkommen.
Trivia Frontier Marshal is ien fan fjouwer films wêryn't Eddie Foy jr. de rol fan syn eigen heit spilet, artyst Eddie Foy.