De eastlike kraachtrap (Chlamydotis macqueenii) is in bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae) dy't yn West-Aazje foarkomt. Earder waarden de eastlike kraachtrap en de westlike kraachtrap (C. undulata) as ien en 'e selde soarte beskôge. Neffens de IUCN giet de soarte sterk yn tal efterút troch ferfolging en ferneatiging fan it leefgebiet. Dêrom wurdt er troch de IUCN yn 'e bedrigingskategory kwetsber (Vulnerable) yndield.

Skaaimerken De eastlike kraachtrap is likernôch 60 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan sa'n 140 sintimeter. It wyfke is wat lytser as it mantsje. De fûgel is brún oan 'e boppekant en wyt oan 'e ûnderkant, mei in swarte streek oan 'e siden fan 'e hals.

Hy liket tige op syn nauwe sibbe, de westlike kraachtrap, mar dy ferskilt benammen troch swarte parten yn 'e kopfearren, dy't er ûnder de balts nei foaren oer de snaffel hingje lit, wylst de eastlike kraachtrap folslein wite kopfearren hat dy't as in plom omheech set wurde. De eastlike kraachtrap hat ek in wat bûntere boppekant op in mear readbrune ûndergrûn.

It seldsum te hearren baltslûd ferskilt ek dúdlik. De eastlike kraachtrap hat in oar, dúdlik fan 'e westlike kraachtrap te ûnderskieden baltslûd.

Fersprieding en systematyk De soarte hat in fersnipele fersprieding fan Egypte en it Arabyske Skiereilân oant Mongoalje en westlik Sina.

It grutste part fan 'e populaasje bestiet út trekfûgels. De populaasjes fan Turkmenistan en fierder eastlik oerwinterje yn Yndia, Pakistan, Iran en parten fan it Midden-Easten, wylst de lytsere populaasje fan it Arabyske Skiereilân foar it grutste part út stânfûgels bestiet, dy't mooglik by te min iten koarte ôfstannen migrearje.

Europa De eastlike kraachtrap is in tige seldsume gast yn Jeropa.

Sibskip Earder waard dit takson as in ûndersoarte fan C. undulata klassifisearre.

Libbenswize De fûgel komt foar yn sânwoastinen en oare sânige drûge omjouwings. Hy leit twa oant fjouwer aaien streekrjocht op 'e grûn.

De eastlike kraachtrap is omnivoar en yt sied, ynsekten en oare lytse dieren.

Status en bedrigingen De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beskôget de soarte as kwetsber. De wrâldpopulaasje waard yn 2014 rûsd op mar 50.000–100.000 yndividuen.

De eastlike kraachtrap giet sterk yn tal efterút troch ferneatiging fan it leefgebiet en jacht. Eartiids waarden fûgels yn Pakistan en Iran fongen en nei it Arabyske Skiereilân ferfierd, dêr't se as proaifûgel brûkt wurde by de training fan falkeniersfalken. Yn ferskate lannen fan it Arabyske Skiereilân binne sûnt de ein fan ’e 20e iuw fok- en útsettingsprogramma’s foar de eastlike kraachtrap útfierd. Dêrby binne yn finzenskip fokte fûgels frijlitten om wylde populaasjes te fersterkjen en de efterútgong fan ’e soarte tsjin te gean.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kraachtrap Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen