De swartbúktrap (Lissotis melanogaster, synonym: Eupodotis melanogaster) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte waard earder yndield yn it skaai Eupodotis.

Skaaimerken thumb|left|Mantsje en wyfke. De swartbúktrap wurdt 58 oant 65 sm lang. De snaffel en poaten binne fealgiel. De boppekant fan it mantsje hat swarte en brune tekeningen op in gielbrune ûndergrûn; de ûnderkant is swart. De kop hat in opfallend patroan fan swart, wyt en gielbrún. De hals is ek foar in trapfûgel lang en slank en gielbrún mei in swarte streek oan 'e foarkant dy't oerrint yn it swarte boarst. De sturt is brún en gielbrún mei fjouwer of fiif smelle donkerbrune bannen. De boppekant fan 'e wjukken is wyt mei in brune trijehoeke by de wjukbasis. De slachpinnen hawwe úsein de bûtenste earmpinnen swarte einen. It wyt fan 'e wjukken is sichtber as de fûgel stiet en foarmet in kontrast mei de swarte ûnderkant.

It wyfke is effen gielbrún en hat in kamûflaazjekleur mei donkerbrune plakken op 'e rêch en fine, weagjende dwersstreekjes op 'e hals en it boarst. It jong is doffer en donkerder fan kleur mei in donkergrize krún en gielbrune plakken op 'e wjuk. De tekening op 'e hals en stút fan beide skaaien, it wite kin en de team fan it mantsje en de fine dwersstreekjes by it wyfke binne skaaimerken wêrmei't de soarte him ûnderskiedt fan syn nauwe sibbe de Hartlaubtrap.

Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Hy komt yn grutte dielen fan Afrika foar en telt twa ûndersoarten:

L. m. melanogaster: fan Senegal en Gambia oant Etioopje, súdlik oant Angoala en Mozambyk. L. m. notophila: fan Simbabwe en súdlik Mozambyk oant Súd-Afrika.

De soarte bewennet gerslân, drûge en fochtige savannes, boulân en greiden, op hichten fan 0 oant 2.500 meter. Hy is meastentiids algemien oant frij talryk yn syn ferspriedingsgebiet. De generaasjedoer bedraacht 7,8 jier.

Iten en fuortplanting thumb|left|Swartbúktrap mei iepen wjuk. De swartbúktrap yt ynsekten en oare lytse wringeleazen oanfolle mei plantaardich materiaal. De soarte stiet bekend om syn opfallende baltsgedrag wêrby't it mantsje syn swarte búk en kiel sjen lit. De soarte wurdt ek fongen foar de hannel en as fretten.

Status De populaasjetrend is delgeand, mar de soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje wêrtroch't er net foldocht oan 'e drempelwearden foar in bedrige kategory. De swartbúktrap stiet op 'e Reade List fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern). De soarte stiet op CITES-bylage II.

Kategory:Swartbúktrap Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe