De Saheltúftrap of Saheltoeftrap (Lophotis savilei) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De Otididae foarmje in fûgelfamylje út 'e Alde Wrâld dy't benammen yn Afrotropyske regio’s foarkomt en dêr't noch mar in relatyf bytsje ûndersyk nei dien is.

De Saheltúftrap komt foar yn Boerkina Faso, Kameroen, Tsjaad, Ivoarkust, Gambia, Maly, Mauretaanje, Niger, Nigearia, Senegal en Sûdan.

Skaaimerken Folwoeksen fûgels hawwe in koarte tinne hals en relatyf koarte poaten, mei in grutte kop. De boppekant fan 'e kop en it ûnderste part fan 'e foarhals binne griis, mei in swarte streek yn 'e midden fan 'e kin en oan beide kanten fan 'e halsbasis in lyts wyt plak.

De boppekant fan 'e fûgel is ljocht fan kleur mei swarte streken en pylkpuntfoarmige tekeningen. De snaffel is gielich, de culmen brunich, de iris bleek mei spikkels en de poaten hawwe in gielige tint.

De wjukken binne likernôch 25 sm lang en de sturt is likernôch 13 sm lang. De fearren fan 'e boppekant hawwe bleek-bêzje úteinen, wêrtroch’t de donkere slachpinnen dúdlik ôfstekke tsjin 'e rest fan it fearrekleed. De slachpinnen binne swartich mei smelle bêzje bannen en swarte úteinen.

Mantsjes hawwe in folslein swarte ûnderkant en litte ûnder de balts in túf fan readbrune fearren yn 'e nekke sjen. Wyfkes lykje fierhinne op mantsjes, mar misse de blaugriize en swarte tekeningen op 'e kop. By wyfkes is de kiel wyt en is it swarte part fan 'e ûnderkant beheind ta de búk.

Taksonomy De Saheltúftrap heart ta it skaai Lophotis, mar waard earder ta it skaai Eupodotis rekkene. Binnen Lophotis bestiet noch in grutte ûnwissichheid oer de krekte fylogenetyske sibskip.

Leefgebiet en fersprieding De soarte komt foar yn drûge en healdrûge leefgebieten. Hy libbet yn strûklân en iepen bosk, by útdrûge puollen en iepen plakken, en yn flakke strûkgebieten mei Aristida-gers en Acacia raddiana.

De Saheltúftrap komt foar fan súdwestlik Mauretaanje en Senegal eastlik troch Maly, Boerkina Faso, súdwestlik Niger, noardeastlik Nigearia en Tsjaad oant sintraal Sûdan.

Earder waard tocht dat de soarte beheind wie ta it Sahelbioom, mar hjoed-de-dei is dúdlik wurden dat syn fersprieding him ek fierder nei it suden útwreidet.

Hâlden en dragen Oer it dieet fan dizze trap is mar in bytsje bekend. Wol is waarnommen dat de soarte yn Senegal in wichtige bestrider fan 'e Senegaleeske sprinkhoanne wêze kin.

De Saheltúftrap is foar it grutste part in stânfûgel. As hy migrearret, docht er dat meast allinnich of yn pearen yn drûge en healdrûge gebieten. Se binne relatyf skou en fleane mar selden en oer koarte ôfstannen. By gefaar bliuwe se faak stil stean om net troch rôfdieren ûntdutsen te wurden.

Status Neffens de Reade List fan 'e IUCN wurdt de Saheltúftrap klassifisearre as net bedrige (Least Concern) en is de populaasjetrend stabyl. De Saheltúftrap hat in grut ferspriedingsgebiet mei in relatyf hege populaasjetichtens. Der binne gjin bewizen foar in sterke efterútgong.

Yn it Wyldreservaat Yankari yn Nigearia liket de soarte frij algemien te wêzen. De Saheltúftrap waard foar it earst yn noardlik Kameroen fêststeld yn novimber 1995, yn Gambia yn septimber 1996 en yn noardlik Benyn yn jannewaris 2005.

Nettsjinsteande de stabile populaasjetrend steane in soad soarten yn 'e famylje ûnder druk troch feroarings yn 'e lânbou, oerbeweiding, jacht, habitatferlies en drûchte.

Kategory:Túftrap Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan