Karel Johan Gustav Hartlaub (8 novimber 1814 – 29 novimber 1900) wie in Dútske dokter en ornitolooch.

Libben en wurk Hartlaub waard berne as soan fan de rike keapman en senator út Bremen, Carl Hartlaub (1792–1874). Focke (1909), s. 485. Syn mem wie de ûntwikkele en artistyk oanleine Johanna Elisabeth Hartlaub, berne Buch (1786–1867), dy't thús in literêre salon hold.

Hy studearre yn Bonn en Berlyn, foardat er yn Göttingen ôfstudearre yn de genêskunde. Yn 1840 begûn er mei it bestudearjen en sammeljen fan eksoatyske fûgels, dy't er oan it Natoerhistoarysk Museum fan Bremen skonk. Hy beskreau in oantal fan dizze soarten foar it earst. Op 9 juny 1844 troude Gustav Hartlaub yn Bremen mei Caroline "Lina" Stachow (1824–1900), mei wa't er seis bern krige. Focke (1909), s. 496.

Yn 1852 rjochte er tegearre mei Jean Cabanis in nij tydskrift op: it Journal für Ornithologie. Hy skreau, yn 'e mande mei Otto Finsch, it wurk Beitrag zur Fauna Centralpolynesiens: Ornithologie der Viti-, Samoa und Tonga- Inseln (útjûn troch H. Schmidt yn Halle). Dat wurk út 1867, dat foarsjoen wie fan mei de hân ynkleure litografyen, wie basearre op fûgeleksemplaren dy't troch Eduard Heinrich Graeffe foar Museum Godeffroy sammele wiene.

In oantal fûgels is nei him ferneamd, wêrûnder de Hartlaubein, de Hartlaubtoerako, de Hartlaubtrap en de Hartlaubmiuw.

Lidmaatskippen Yn 1840 waard er troch Charles Parzudaki (1806–1889) yntrodusearre as lid nûmer 186 fan de Société Cuvierienne.Société cuviérienne, s. 64. Yn 1857 waard Hartlaub ta lid keazen fan de Dútske Akademy fan Natoerwittenskippers Leopoldina.

Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk soölooch Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1814 Kategory:Persoan stoarn yn 1900