De Etiopyske túftrap (Lophotis gindiana, ek stavere as Etiopyske toeftrap) is in middelgrutte fûgel fan East-Afrika lykas Somaalje, Etioopje en Kenia, dy't ta de famylje fan 'e trapfûgels (Otididae) heart. Skaaimerken De Etiopyske túftrap is in middelgrutte East-Afrikaanske fûgel dy't oant 60 sm heech wurde kin. Yn ferliking mei oare Afrikaanske trappen is dizze soarte relatyf lyts. Mantsjes weagje tusken de 675 en 900 gram.

Folwoeksen mantsjes hawwe in swarte streek dy't fan 'e kiel oant oan it boarst rint. It fearrekleed fan it mantsje is griis of gielbrún, útsein de swarte streek en de donkere ûnderkant fan it lichem. Lykas by de measte trappen is der sprake fan seksuele dimorfy: mantsjes en wyfkes ferskille yn grutte en yn 'e kleur fan it fearrekleed.

By it wyfke is de streek op 'e kiel minder dúdlik, wylst de grize kleur fan it mantsje is ferfongen troch in ljochtbrune tint.

De soarte hat syn namme te tankjen oan 'e túf fan it mantsje, dy't by it wyfke ûntbrekt. As de fûgel de wjukken iepenet, wurdt ûnder elke wjuk in grut wyt plak sichtber.

Taksonomy De Etiopyske túftrap (Lophotis gindiana) heart ta de famylje Otididae yn it skift fan 'e trapeftigen (Otidiformes).

It skaai Lophotis omfettet de Saheltúftrap (Lophotis savilei), de Súdafrikaanske túftrap (Lophotis ruficrista) en de Etiopyske túftrap. Dizze trije soarten wurde bytiden ek as ien soarte beskôge fanwegen harren grutte oerienkomsten yn uterlik en gedrach.

De Etiopyske túftrap wurdt soms ek oantsjut as Eupodotis ruficrista gindiana, in ferwizing nei it skaai dêr't er earder yn pleatst waard doe't er as in ûndersoarte fan 'e Súdafrikaanske túftrap beskôge waard. Resinte genetyske analyze wiist in gearfoeging fan it skaai Eupodotis ôf en beskôget Lophotis as in eigen evolúsjonêre line bûten Eupodotis.

Leefgebiet en fersprieding Hoewol't de soarte yn grutte parten fan East-Afrika foarkomt, is er it meast algemien yn Etioopje. Dêr wurdt er yn 'e súdlike regio's eastlik fan 'e Grutte Riftdelling oantroffen.

De fûgel is in stânfûgel yn Sûdan, Somaalje, Eritreä, Uganda, Tanzania en Kenia. De Etiopyske túftrap is gjin trekfûgel en libbet yn toarnich strûklân en drûge stieneftige woastyngebieten.

Yn Kenia jout er de foarkar oan drûge oant healdrûge klimaten en ûntbrekt er yn de fochtiger kuststripe. Oars as in soad oare trappen wurdt er minder faak yn heech gers sjoen; hy hat leaver gebieten mei stieneftige of sânige boaiem. De kleur fan it wyfke soarget foar in poerbêste kamûflaazje.

Hâlden en dragen Yn finzenskip krije Etiopyske túftrappen ûnder oare mûzen, moalwjirms, imerkes, appel, koal, fynsniene griene planten, trapfûgelpellets en pellets foar jachtfûgels.

Oer it natuerlike dieet yn it wyld is noch mar in bytsje bekend. De fûgels libje meast op 'e grûn en sitte net op tûken.

Yn 'e peartiid yn 'e maitiid en simmer fiere de mantsjes opfallende loftbaltsen út om troch in wyfke keazen te wurden. It mantsje fljocht oant likernôch 30 meter omheech, hâldt dan yn 'e loft stil en lit him mei ynklapte wjukken nei ûnderen falle. Krekt foardat er de grûn rekket, spriedt er de wjukken wer iepen en komt er del.

Utsein by de balts binne sawol mantsjes as wyfkes net in soad yn 'e loft te sjen en rinne se by noed leaver fuort.

Fan in wyfke yn finzenskip is waarnommen dat se har krekt útkommen piken ûnder de wjuk meinimt om se nei in oar plak te ferhûzjen. Se droech hieltyd mar ien pyk tagelyk en liet dy op it winske plak wer falle. It is net bekend oft dit gedrach algemien is foar de soarte.

Wyfkes lizze ien of twa aaien. It nêst leit fuort op 'e grûn.

Status De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Túftrap Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda