De Súdafrikaanske túftrap of Súdafrikaanske toeftrap (Lophotis ruficrista) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae) binnen de oarder fan 'e trapeftigen (Otidiformes). De soarte komt foar yn drûge bosken fan Súdlik Afrika. De populaasje wurdt as stabyl beskôge.
Skaaimerken De Súdafrikaanske túftrap is in middelgrutte trap mei in swarte búk en karakteristike wite pylkpuntfoarmige tekeningen op 'e brún- en swartbûnte rêch. It mantsje hat in brúngrize nekke en in laaigriize kroan, wylst it wyfke mear ienkleurich is.
Op 'e kop hat de fûgel in readeftige túf, dy't laat hat ta de Ingelske namme Red-crested Korhaan, mar dy wurdt hast altyd ferburgen holden.
Yn 'e flecht ûnderskiedt de soarte him fan 'e swartbúktrap troch de folslein swarte ûnderkant fan 'e wjukken; de swartbúktrap hat dêr wite plakken.
It lûd bestiet út in rige kliklûden, folge troch fluitsjen, dat stadichoan oanboazet ta in crescendo.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar fan súdlik Angoala oant noardeastlik Namybje, Botswana, súdlik Sambia, Simbabwe, Mozambyk en noardlik Súd-Afrika.
De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten yn erkend wurde.
Hâlden en dragen De Súdafrikaanske túftrap wurdt gauris sjoen wylst er stadich en fêst troch drûge boskgebieten kuiert. Dêr is er algemien, mar troch syn goed kamûflearjende fearrekleed wurdt er gauris oer de holle sjoen.
By de balts fljocht it mantsje hast rjocht omheech de loft yn, lit dan de wjukken hingje, makket er in kanteljende of rôljende beweging nei efter en komt úteinlik wer op 'e poaten telâne.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Túftrap Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe