De kraachtrap (Chlamydotis undulata) is in grutte fleanende fûgel út ’e famylje fan ’e trapfûgels (Otididae). De fûgel waard yn 1784 jildich beskreaun. Ek de eastlike kraachtrap (C. macqueenii), dy't yn West-Aazje foarkomt, waard yn earste ynstânsje as aparte soarte beskreaun, mar letter beskôge as in ûndersoarte fan 'e kraachtrap. Sûnt de lêste desinnia wurde se we as twa aparte soarten behannele.
Skaaimerken De lichemslingte bedraacht 65 oant 75 sm by it mantsje en 55 oant 65 sm by it wyfke, en it gewicht 1,8 oant 3,2 kg by it mantsje en 1,2 oant 1,7 kg by it wyfke.
De kraachtrap hat boppe-oan in sânkleurich fearrekleed mei brune plakken. De hals is blauwich-griis mei in fertikale swarte streek. De rest fan it boarst en de ûnderbúk binne smoarchwyt. De fûgels hawwe wite sierfearren op 'e kroan en ek oan 'e siden fan it lichem, meast ferburgen ûnder de wjukken.
It wyfke is lytser, lichter en minder kontrastearjend fan kleur; de hals is minder swart en de sierfearren binne hast net te sjen.
Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte komt foar yn drûge kriten en woastinen op 'e Kanaryske Eilannen en yn Noard-Afrika.
It iten bestiet út sied, sêfte spruten, ynsekten en oare lytse dieren, lykas hagedissen. Se kinne fleane, mar dogge dat leaver net. Se binne goed oanpast oan in libben yn 'e woastyn en kinne in grut part fan harren wetterferlet út it iten helje. Dizze fûgel is foar in part trekfûgel.
De soarte telt twa ûndersoarten:
C. u. fuertaventurae – de eastlike Kanaryske Eilannen. C. u. undulata – noardlik Afrika.
Baltsgedrach Yn 'e peartiid besykje de mantsjes de oandacht fan 'e wyfkes te lûken troch mei in opsette kraach en túf om te rinnen.
Status De grutte fan 'e populaasje wurdt rûsd op 13.000 oant 33.000 folwoeksen yndividuen. De populaasje nimt ôf; jacht wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste oarsaken fan dy efterútgong.
Dêrnjonken wurdt it leefgebiet oeral bedrige troch de oanlis fan diken, elektrisiteitsmêsten, foarsjennings foar toerisme, militêre oefenterreinen, oerbeweiding en mooglik ek troch predaasje fan 'e aaien troch ynfierde sûchdieren.
Dêrfandinne stiet de kraachtrap sûnt 2023 as kwetsber (Vulnerable) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kraachtrap Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje