Sic (útspr.: [sik], "syk") is in Latynsk bywurd mei de betsjutting "alsa", "sa" of "op dizze wize". It is in ferkoarte foarm fan sic erat scriptum, dat betsjut: "sa wie it skreaun".
Yn moderne Westerske talen lykas it Frysk, Ingelsk, Nederlânsk, Dútsk, Frânsk, ensfh. wurdt dit wurd nei in sitaat tafoege om oan te jaan dat de sitearre tekst trou oernommen is sa't dy yn 'e boarne oantroffen is, ynklusyf ûngewoane, argayske of foute staveringseleminten. De bedoeling efter it gebrûk fan dit wurd is om 'e lêzer derfan te bewissigjen dat sokke eleminten net it gefolch binne fan it fout oernimmen fan 'e tekst troch dejinge dy't it sitaat oanhellet, mar ynstee ûnderdiel binne fan it oarspronklike sitaat. "Sic" kin op dy manear ek tafoege wurde oan opmerklike bewearings, ûnlogyske riddenearrings en oare nuverichheden dy't oars troch de lêzer as transkripsjeflaters beskôge wurde kinne soene.
Om oan te jaan dat "sic" gjin ûnderdiel foarmet fan it sitaat sels, wurdt it ornaris tusken rjochte heakjes of blokheakken pleatst: "[sic]". Kromme heakjes "(sic)" wurde almeast net brûkt, of it moat wêze dat rjochte heakjes typografyske swierrichheden opsmite. De reden dêrfoar is dat kromme heakjes ek yn gewoane teksten brûkt wurde en dus ek ûnderdiel fan it sitaat wêze kinne soene. Rjochte heakjes komme yn gewoane tekst net foar en meitsje dus dúdlik dat wat tuskenfoege is (yn dit gefal it wurd "sic") los stiet fan 'e tekst.
Kategory:Lienwurd út it Latyn Kategory:Skriftlike kommunikaasje