De bûnte wettergril (Phalaropus fulicarius, synonym Phalaropus fulicaria) is in fûgel yn it skaai wettergrillen (Phalaropus) út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken thumb|left|It opmjitten fan in wjuk fan in mantsje. De bûnte wettergril is likernôch 21 sintimeter lang en weaget 40 oant 80 gram. De rjochte snaffel is wat breder as dy fan 'e oare soarten yn it skaai. Yn briedkleed is it wyfke boppe donkerbrún en swart mei ljochte rânen oan 'e fearren. Under is hja djip oranjebrún mei wite plakken op 'e wangen en in donkere krún. De snaffel is giel mei in swarte punt. It mantsje is oer it generaal wat ljochter as it wyfke. Hy hat minder wyt op 'e wangen en de krún hat ljochte streekjes.
Winterdeis ha beide skaaien boppe in griis fearrekleed. Fan ûnder binne de fûgels wyt. By it each ha se in swart eachplak en de snaffel is ek hielendal swart.
Jonge fûgels binne boppe griis en brún en ha in okergiel plak ûnder de kop. De snaffel is donker en de fûgel hat in swart plak by it each.
Fersprieding en leefgebiet De bûnte wettergril briedt yn arktyske gebieten fan Noard-Jeropa, Aazje en Noard-Amearika. It is in trekfûgel dy't oars as oare steltrinners oer oseaanrûtes trekt en oerwinteret op see yn tropysk wetter, benammen foar de westkusts fan Afrika en Súd-Amearika. Dêr soargje it opwâljende wetter fan seestreamen foar in oerfloed oan plankton.
De bûnte wettergril is in seldsume trochtrekker yn West-Jeropa en dan benammen op 'e Britske Eilannen om septimber en oktober, faak yn gearhing mei in krêftige westenwyn.
Foarkommen yn West-Jeropa thumb|left|Oerwinterjende fûgels. De fûgel is yn West-Jeropa nei stoarmen somtiden oan 'e kust te sjen. Yn Nederlân is de bûnte wettergril in trochtrekker en wintergast yn in tige lyts tal oan 'e Noardsee- en Waadkust. Yn 'e perioade 1989-1998 binne der 329 waarnimmings dien, wêrfan 95% yn septimber oant febrewaris; de measte waarnimmings binne tusken ein septimber en yn novimber.
Ekology De fûgel briedt by de kust op sompige tûndra mei lytse dobben, op wiete greide mei moas en gers en yn sompige rivierdellingen of op eilannen yn fjorden. It nêst leit op 'e wiete grûn yn lege fegetaasje. Bûten de briedtiid libbet de soarte op 'e see yn sônes mei hege konsintraasjes plankton.
Yn it briedseizoen yt de fûgel fral lytse wringeleaze dieren, lykas ynsekten, larven, krobben, kreefeftigen, wjirmkes, spinnen en by need ek sied. Bûten de briedtiid yt de fûgel foaral plankton, wêrûnder amfipoaden en tige lytse fiskjes.
It nêst is in ûndjip kûltsje yn 'e grûn tusken gers en meastentiids tichteby wetter. De mantsjes briede en soargje foar de jongen neidat dizze út it aai kommen binne.
Ofbylden
Status In rûzing fan 2024 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 9.000.000 oant 12.000.000 folwoeksen fûgels. De algemiene trend is ûndúdlik, mar yn dielen fan Noard-Amearika lykje de oantallen wat ta te nimmen. Dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wettergril Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan