De skiere wettergril (Phalaropus lobatus) is in fûgel yn it skaai wettergrillen (Phalaropus) út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken De skiere wettergril wurdt 16 oant 20 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 30 oant 38 sintimeter en weaget 24 oant 48 gram. De fûgel hat lobbe teannen en in rjochte, tige slanke snaffel. Yn it briedkleed hat in folwoeksen fûgel bûnte donkergrize boppedielen mei in readbrune tekening op 'e hals, in swart gesicht en in wite kiel. By it mantsje is de readbrune tekening beheinder en minder opfallend. Winterdeis hat de fûgel foaral grize boppedielen en is de fûgel ûnder wyt. Efter it each sit dan in swart eachplak.

Juvenilen ha grize en brune boppedielen mei giele bannen en binne ûnder wytgriis. Sy ha in swarte krún en in swart plak efter it each.

Ofbylden

Fersprieding en leefgebiet De skiere wettergril briedt sirkumpolêr yn 'e arktyske gebieten fan 'e meast noardlike dielen fan Jeropa, Aazje en Noard-Amearika. It is in trekfûgel dy't oars as oare steltrinners op 'e iepen see oerwinteret yn tropyske en subtropyske gebieten fan 'e Yndyske en de Grutte Oseaan, wêrûnder de westkusten fan Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika, súdlik fan it Arabysk Skiereilân en om Yndoneezje hinne.

Foarkommen yn Nederlân De skiere wettergril trekt yn in tige lyts tal troch Nederlân en wurdt dan sjoen yn ûndjip swiet wetter, benammen yn Noard-Hollân, op 'e Waadeilannen, yn it westen fan Fryslân en yn it noarden fan Grinslân.

Ekology thumb|left|Pearke. By skiere wettergrillen is it wenstige rollepatroan omdraaid. Wyfkes binne grutter en kleurriker as mantsjes. De wyfkes meitsje de mantsjes it hôf, fjochtsje om nêstplakken en ferdigenje it nêst en it mantsje agressyf. It wyfke leit meastentiids fjouwer parfoarmige ljochtgriene oant brúngriene aaien mei donkere plakken. It nêst is in kûltsje yn 'e grûn en beklaaid mei gers by in sompich gebiet. As de aaien lein binne, begjinne de wyfkes mei de trek nei it suden. It brieden is it wurk fan it mantsje. De piken moatte harren sels rêde en kinne nei 18 oant 25 dagen nei it útkommen fleane. Nei in jier kinne se sels briede. thumb|260px|Aaien. Yn 'e briedtiid bestiet it iten fral út ynsekten, krobben, mychammels, slakken, kreefteftigen, wjirms en wat sied. By it foerazjearjen swimt de fûgel faak yn rappe rûntsjes tsjin de klok yn, sadat er in lytse draaikolk makket, Oannommen wurdt dat dit helpt by it sykjen nei iten trochdat yn ûndjip wetter itensdieltsjes nei boppe twirje. De fûgel stekt syn snaffel dêrnei nei it sintrum fan 'e draaikolk om de finzen ynsekten of kreefeftigen op te pikken.

Bûten de briedtiid bestiet it dieet foar it measte út kril, plankton en hiele lytse kreeften. De soarte is dan op iepen see te finen op plakken dêr't de streamingen soargje foar it opwâljen fan iten nei it wetteroerflak.

Mei syn lobbige teannen is it in treflike swimmer.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de oantallen soene ôfnimme mar noch net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade List. De grutte fan de populaasje waard yn 2015 rûsd op 3,6 oant 4,5 miljoen fûgels. De Jeropeeske populaasje wurdt tusken de 590.000 en 1,28 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wettergril Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf