Alita: Battle Angel is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aksjefilm fan it subsjenre fan 'e cyberpunk. De film, dy't útkaam yn 2019, stie ûnder rezjy fan Robert Rodriguez en waard produsearre troch James Cameron. De titelrol waard troch stimaktearjen en motion-capturetechnyk fertolke troch Rosa Salazar. Oare haadrollen waarden spile troch Keean Johnson en Christoph Waltz. De titel betsjut "Alita: Kriichsingel". De film waard basearre op 'e Japanske mangasearje Gunnm fan Yukito Kishiro (dy't ek bekend stiet ûnder de ynternasjonale titel Battle Angel Alita).
It ferhaal folget Alita, in cyborg dy't yn in fiere takomst fan 'e Ierde wekker wurdt mei in nij lichem mar sûnder ûnthâld. Begelaat troch de wittenskipper dr. Dyson Ido set se útein mei it ûntdekken fan sawol har takomst as har ferline. Alita: Battle Angel krige mingde oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De nuvere en frij abrupte ein fan 'e film komt trochdat der ferskate ferfolgen pland wiene. De oername fan filmstudio 20th Century Fox troch konkurrint Disney yn 2019 stiek dêr lykwols in stokje foar, mei't de Disney de toan fan Alita: Battle Angel net by it eigen imago passen fûn.
Plot Yn it jier 2563 is it trijehûndert jier lyn dat de Ierde fierhinne ferrinnewearre waard yn in oarloch dy't bekend stiet as 'de Fal'. Wylst der foartiid tsientallen swevende stêden yn 'e loft hongen, is dêr sûnt de Fal inkeld Zalem noch mar fan oer. Rjocht ûnder Zalem, op it Ierdoerflak, leit de iennichste oare oerbleaune stêd, Iron City, dêr't de rest fan 'e wrâldbefolking gearklofte is. De relaasje tusken de beide stêden is tige iensidich. It rike, wolfarrende en technologysk avansearre Zalem parasitearret foar iten en grûnstoffen op it earme, efterbleaune en efterstelde Iron City. Der bestiet ek sa goed as gjin ferkear tusken de beide stêden. Ut Iron City wei is it, op ien útsûndering nei, ûnmooglik om yn Zalem te kommen. Ut Zalem wei kin men wol nei Iron City gean, mar dan komt men nea wer werom.
Yn Iron City hat de wittenskipper dr. Dyson Ido in praktyk dêr't er cyborgs reparearrret. Foar ûnderdielen strúnt er gauris de dwinger yn it sintrum fan Iron City ôf, dêr't it ôffal út Zalem dumpt wurdt. Op in dei ûntdekt er dêre de holle en it boppeste diel fan 'e romp (mei it hert) fan in cyborg, dy't in noch yntakt minsklik ferstân hat. Ido jout de cyborg in nij lichem en neamt har 'Alita', nei syn ferstoarne dochter. Alita wurdt wekker sûnder oantinkens oan har ferline. Se nimt yn 'e húshâlding fan dr. Ido, en yn syn hert, al rillegau it lege plak yn dat syn dochter efterlitten hat.
Ien fan 'e earste kearen dat Alita bûtendoar komt, moetet se Hugo, in jongeman dy't derfan dreamt om op te farren nei Zalem. Fia Hugo komt Alita yn 'e kunde mei 'motorbal', in sport foar cyborg-gladiators wêrby't it doel is om op motorisearre rolredens mei in bal oer de finish te kommen. Om't der gjin regels binne, kinne oare meidoggers ta it uterste gean om 'e bal te bemachtigjen, net selden mei deaden ta gefolch. Yn it djipste geheim berôvje Hugo en syn maat Tanji cyborgs fan goed rinnende ûnderdielen. Dat dogge se yn opdracht fan Vector, de eigner fan it motorbaltoernoai en de de facto hearsker fan it Fabryk, dat de macht yn Iron City útoefenet. De winner fan it motorbaltoernoai is de iennichste út Iron City dy't ea opfarre mei nei Zalem, mar Vector hat Hugo wiismakke dat der foar genôch jild foar him in útsûndering makke wurde kin.
Alita moetet ek al rillegau dr. Chiren, Ido syn fan him ferfrjemde frou en de mem fan 'e oarspronklike Alita. It docht bliken dat Ido en de frou guon fan dy seldsume lju binne dy't út Zalem wei delgien binne nei Iron City, om't harren dochter oanberne lichaamlike ôfwikings hie dy't yn Zalem net akseptearre waarden. Sûnt de dea fan Alita is Chiren har iennichste libbensdoel om werom te kearen nei Zalem, en dêrta is se sawol in wurkrelaasje as in seksuele relaasje oangien mei Vector, dy't ek har ûnthjitten hat om in weromkear nei Zalem mooglik te meitsjen.
Wylst se bûtendoar omspaant, sjocht Alita in opspoaringsbiljet foar in ûnbekende moardner dy't al seis froulju ombrocht hat. Letter sjocht se Ido te neare nacht yn 'e hûs kommen mei in wûne oan 'e earm. As se de oare deis heart dat er dy nachts in sânde frou fermoarde is, begjint se te fermoedzjen dat Ido de dieder is. Dat wannear't er wer by nacht op 'en paad giet, folget se him ûngemurken. Se rinne yn in mûklaach fan in trio cyborg-searjemoardners dat oanfierd wurdt troch de meunstereftige Grewishka. Ido besiket Alita te ferdigenjen, mar rekket ferwûne. Dêrop giet Alita sels it gefjocht mei de searjemoardners oan, wêrby't se ynstinktyf gebrûk makket fan 'pânserkeunst', in ferlern giene kriichskeunst foar cyborgs. Alita deadet twa fan 'e trije searjemoardners en ûntnimt Grewishka ien fan syn earms, wêrnei't er de wyk nimt om him troch Chiren in nije earm oanmjitte te litten.
Neitiid leit Ido út dat er gjin moardner is, mar in 'jager-kriger', in preemjejager dy't foar dat wurk sertifisearre is troch it Fabryk. Hy siet al in hiel skoft efter it trio searjemoardners oan, dat ferantwurdlik wie foar de dea fan 'e fermoarde froulju. Yn it gefjocht binne Alita foar it earst flarden fan oantinkens tebinnen kommen, oer in fjildslach op 'e Moanne dêr't se sels oan dielnaam. Se kin der gjin tou oan fêstknoopje en hopet har mear heuge te kinnen as se har yn mear gefjochten bejout. Dêrom wol se ek jager-kriger wurde. Ido besiket dat plan lykwols te ûntmoedigjen, en Alita lit it foarearst gewurde. Koarte tiid letter giet se mei Hugo en syn freonen Tanji en Koyomi nei de woastenij bûten Iron City. Hugo-en-dy litte har in delstoart romteskip sjen út 'e Fal, dat heal ûnderwetter yn in poel leit. It is in romteskip fan 'e fijân, de Feriene Republyk Mars, mei oan board technology wêrfan't nimmen wit hoe't it wurket. Mar wannear't Alita har oan board fan it skip weaget, ûntdekt se dat sy har ynstinktyf rêde kin mei de technology. Se fynt in Martiaansk cyborglichem dat noch yntakt is en nimt dat mei werom nei de praktyk fan dr. Ido.
Ido ken it cyborglichem werom as dat fan in 'berserker'. De berserkers wiene yn 'e Fal de kommando's fan 'e fijân en de deadlikste troepen dy't ea bestien hawwe. It is no dúdlik dat Alita oarspronklik sa'n berserker wie. Se wol dat Ido har yn it cyborglichem ynstallearret, mar hy wegeret dat. Frustrearre oer wat sy as de tsjinwurking fan Ido sjocht, set Alita nei it Fabryk ta, dêr't se harsels sertifisearje lit as jager-kriger. Mei Hugo giet se neitiid nei in bar dêr't jager-krigers gearkomme om harren op te roppen in mienskiplik front te foarmjen tsjin 'e moardner Grewishka. Zapan, in tige idele cyborg-jager-kriger, hat de gek mei har en provosearret har oant se him in wan bruien jout. Dat is it startsein foar algemiene slaanderij yn 'e bar, dêr't Alita har sûnder muoite yn steande hâldt. It fjochtsjen komt pas in ein oan as dr. Ido arrivearret en mei útset lûd driget dat er ophâlde sil mei fergese reparaasjes foar oar jager-krigers as de slaanderij net fuortendaliks stoppet.
Op dat stuit ferskynt Grewishka yn 'e bar, dy't troch Chiren yn opdracht fan Vector ferskate ferbetterings oanmetten krigen hat. Hy daget Alita út ta in gefjocht, mei't er, sa fertelt er, opdracht krigen hat om har te deadzjen fan Nova, de technokratyske hearsker fan Zalem. Yn it gefjocht, dat rint fan 'e bar oant yn it rioel ûnder Iron City, wurdt Alita hindere trochdat har swakke cyborglichem net boud is foar de striid. Mei syn ferbettere meganyske ûnderdielen slacht Grewishka har har beide skonken en in earm ôf. Mar mei har oerbleaune earm wit Alita harsels nei syn gesicht te lansearjen, dêr't se dy earm yn syn rjochtereach raamt en by de earmtakke ôfbrekt. Se wurdt rêden troch de oankomst fan Ido, Hugo en de jager-kriger McTeague, ien fan waans hûnen Grewishka earder deamakke hie. Mei feriene krêften witte dyselden de ferwûne Grewishka op 'e flecht te driuwen. Troch de ferrinnewearring fan har hjoeddeistige cyborglichem is Ido neitiid twongen om Alita oer te bringen nei it berserkercyborglichem.
Underwilens is Alita smoarfereale rekke op Hugo, sasear dat se him yn in bizarre sêne letterlik har hert besiket te jaan, sadat er dat ferkeapje kin om Vector te beteljen foar syn opfarren nei Zalem. Hugo slacht har oanbod ôf, mar ûnder ynfloed fan Vector, dy't op syn beurt wer in boadskiprindersjonge foar Nova is, stelt Hugo Alita foar om har meidwaan te litten oan in try-out foar in motorbalrace. As se wint, soe it prizejild Hugo in hiel ein op 'en paad helpe. Vector soarget derfoar dat alle oare dielnimmers oan 'e try-out ûnrant mei ûnderfining op it mêd fan moardzjen binne; it is syn bedoeling dat Alita de race net oerlibje sil. Mar dr. Ido werkent de oare dielnimmers en warskôget Alita inkele mominten foar de start. De try-out rint út op in slachfjild, wêrby't Alita de iene nei de oare tsjinstanner útskeakelet, in diel permanint. Underwilens fangt Chiren in petear fan Vector op mei ien fan syn trewanten, wêryn't Vector Hugo bespot om't dy wier leaut dat Vector him nei Zalem stjoere sil. Op dat stuit beseft Chiren dat Vector hàr ek mei sa'n selde ûnthjit oan it lyntsje hâldt en dat er net fan doel is dat ûnthjit ea nei te kommen.
Troch de ferdjipping fan syn relaasje mei Alita sjocht Hugo syn eigen wjerbyld yn har ûnskuld, en hy mei net lije wat er sjocht. Hy beslút syn kriminele aktiviteiten oer te jaan, en op 'e jûn fan 'e try-out siket er Tanji op om him dat te fertellen. Tanji is op dat stuit krekt in cyborg oan it berôvjen. De beide freonen krije wurden, mar harren rûzje wurdt ûnderbrutsen troch Zapan, dy't noch altyd wrokket tsjin Alita om't se him earder yn 'e bar foar gek set hat. Hy hat besletten wraak op har te nimmen troch Hugo te deadzjen. Om dêrtroch sels net yn 'e swierrichheden te kommen, deadet Zapan de cyborg dy't it slachtoffer fan Tanji is en skoot dy moard Hugo op 'e lea. No kin Zapan, dy't ommers in sertifisearre jager-kriger is, Hugo deameitsje om't dat no ienris syn wurk is. Tanji komt Hugo te help, mar Zapan deadet him. In ferwûne Hugo flechtet troch Iron City, op 'e hakken sitten troch Zapan. Hy skillet Alita op en smeekt har om him te rêden.
Alita is op dat stuit noch dwaande mei de try-out, mar se ferlit de motorbalbaan en klearret harsels in paad troch de stêd. Dêrby wurdt se efterfolge troch har lêste trije rivalen, dy't no harren bedoeling om har te deadzjen net mear ûnder stuollen of banken stekke. Underweis troch Iron City weeft Alita mei it trio ôf. Mar as se by Hugo oankomt, set Zapan har foar it blok. Hy hat derfoar soarge dat Hugo no as moardner te boek stiet, en dat betsjut dat er deade wurde moat. Dus òf sy kin him deadzje, òf se kin oan 'e kant gean en him (Zapan) Hugo deadzje litte, ien fan beiden. Wylst Alita besiket in útwei te betinken, stekt Zapan Hugo del, dy't deadlik ferwûne in tsjerkegebou yn flechtet. Alita giet him efternei wylst in triomfantlike Zapan de iennichste doar bewekket. Yn 'e tsjerke moetet Alita Chiren wer, dy't har helpt om it libben fan Hugo te rêden troch syn ûntlicheme holle te ferbinen mei it meganyske systeem dat Alita har cyborglichem ûnderstipet. Wannear't Alita letter mei de holle fan Hugo ta de tsjerke út komt, akseptearje de gearklofte robots fan it Fabryk dat se har taak as jager-kriger om Hugo te deadzjen folbrocht hat troch him te ûnthalzjen. Zapan hat har lykwols troch en besiket har tsjin te hâlden, mar Alita makket him syn dierbere damaststielene swurd ôfhandich en slacht him dêrmei syn gesicht ôf.