De húsreadfink (Haemorhous mexicanus) is in fûgel út Noard-Amearika yn it skaai poarperfinken (Haemorhous) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).
Beskriuwing thumb|left|In giele fariant. De soarte is in middelgrutte fink mei in lingte fan 12,5 oant 15 sintimeter, in spanwiidte fan 20 oant 25 sintimeter en weaget 16 oant 27 gram. Folwoeksen fûgels ha in lange brune sturt mei in rjocht ôfsnien ein. De rêch is brún oant dofbrún fan kleur, wêrby't de wjukken bytiden oergeane yn donkergriis. De fearren op it boarst en de búk kinne streke wêze, itjinge op 'e flanken meastentiids wol it gefal is. By folwoeksen mantsjes binne de kop, de hals en de skouders yn 'e regel read fan kleur. Dy kleur kin him bytiden útwreidzje oant de búk en oer de rêch fierder nei ûnder tusken de wjukken. De yntinsiteit fan it read is ôfhinklik fan it seizoen en ôfhinklik fan 'e beien en fruchten yn harren dieet. Dêrtroch fariearje de kleuren fan striegiel en feloranje (beide seldsum) oant djipread. Folwoeksen wyfkes ha in brune boppekant in in streke ûnderkant.
Fersprieding De soarte komt foar yn Noard-Amearika en hat alve ûndersoarten:
H. m. frontalis: súdwestlik en súdeastlik Kanada, de Feriene Steaten en noardwestlik Meksiko. H. m. mcgregori: Islas San Benito (tichtby noardwestlik Meksiko). H. m. amplus: Isla Guadalupe (tichtby noardwestlik Meksiko). H. m. ruberrimus: súdlik Baja California (noardeastlik Meksiko). H. m. rhodopnus: sintraal Sinaloa (it westlike diel fan Sintraal-Meksiko). H. m. coccineus: súdwestlik Meksiko. H. m. potosinus: it noardlike diel fan Sintraal-Meksiko. H. m. centralis: sintraal Meksiko. H. m. mexicanus: it súdlike diel fan Sintraal-Meksiko. H. m. roseipectus: Oaxaca (súd-Meksiko). H. m. griscomi: Guerrero (súdwestlik Meksiko).
Oarspronklik kaam de húsreadfink allinnich yn Meksiko en it súdwesten fan 'e Feriene Steaten foar, mar yn 'e jierren 1940 waarden se yntrodusearre yn it easten fan Noard-Amearika. De fûgels waarden yn New York yllegaal ferkocht. Om ferfolging op basis fan 'e Migratory Bird Treaty Act te foarkommen, lieten ferkeapers en eigners de fûgels frij en sûnt ûntstiene dêr wylde populaasjes en wisten se it ferspriedingsgebiet út te wreidzjen nei it oarspronklike ferspriedingsgebiet. De húsreadmosk is ek yntrodusearre op Hawaï, dêr't se op alle grutte eilannen foarkomme, útsein Niïhau en Kahoölawe.
Hâlden en dragen De fûgels foerazjearje meast op 'e grûn of yn begroeiïng. Se ite nôt, sied en beien, mar út en troch ek lytse ynsekten. Húsreadfinken binne faak by fûgelhûskes te sjen. De soarte stiet bekend dat er goed wat skea yn fruitbeammen feroarsaakje kin of op nôtfjilden, mar wurdt net as in pleach beskôge.
De húsreadfink bout it nêst yn holtes en ek yn iepeningen fan gebouwen. Somtiden brûkt de soarte ek de ferlitten nêsten fan oare fûgels. It nêst wurdt troch it wyfke boud en is in stevich komfoarmich nêst fan tûkjes en oar materiaal op in hichte fan 1,8 oant 2,7 m boppe de grûn. It wyfke leit tusken en augustus aaien en briedt somtiden twaris yn 't jier. In lechsel bestiet út 2 oant 6 aaikes.
Ofbylden
Status De húsreadfink wurdt op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet, in grutte populaasje. De soarte is yn 40 jier tiid mei 82,9% tanommen en hat ek hjoed-de-dei in positive ûntwikkelingstrend.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperfink Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko