thumb|upright|Joost Wiersma en de frou Joost Wiersma (Jistrum, 28 oktober 1844 – dêre, 10 desimber 1927) Genealogie Van der Schuit - Joost Jacobs Wiersma (1844-1927) wie feedokter yn Jistrum, mar wie ek dwaande mei folksgenêskunde. Neffens de oerlevering koe dizze wûnderdokter minsken genêze dy't gewoane dokters net genêze koene. Wiersma koe de kwalen fan minsken fêststelle troch harren urine te ûndersykjen en hy kweekte hielkrêftige krûden.

Joost Wiersma wie populêr yn syn wenplak Jistrum tankzij syn jeften. De ynwenners sammelje sels jild yn foar de fiering fan syn gouden brulloft mei Dieuwke van der Wal. De wûnderdokter hat in bliuwende neilittenskip efterlitten; in strjitte yn Jistrum is nei him ferneamd, en ek it pleatslike koperensemble draacht syn namme. Jelle Jeensma, Wonderdokter Joost Wiersma herleeft in Jistrum Actief, 1 maart 2018

Elke kear as it korps yn dy tiid swier hie, skonk er jild oan de feriening. Mei tank oan syn donaasjes kaam it korps dy drege tiden te boppe en waard it úteinlik nei him ferneamd. Kranslegging bij het graf van Joost Wiersma in Jistrum. Wâldnet, 14 maaie 2023.

Hy waard te hôf brocht by de Sint-Petrustsjerke yn Jistrum. Hy waard 83 jier.

Kategory:Frysk bistedokter Kategory:Frysk wûnderdokter Kategory:Persoan berne yn Jistrum Kategory:Persoan stoarn yn Jistrum Kategory:Persoan berne yn 1844 Kategory:Persoan stoarn yn 1927