Hans Graf von Berlepsch (op it bûten Fahrenbach by Witzenhausen, 29 july 1850 - Göttingen, 27 febrewaris 1915) wie in Dútske ornitolooch. Von Berlepsch hie kontakt mei de measte Jeropeeske ornitologen en samlers fan syn tiid en ûntfong harren faak by him thús.
Biografy Berlepsch waard berne yn Fahrenbach, tichtby Witzenhausen. Hy kaam út in Hessyske famylje mei in wapen dêr't fiif papegaaien yn ferwurke wiene. Hy wie de âldste soan fan Karl von Berlepsch en dy syn frou Johanna Margaretha Theodora, de dochter fan steatsried Koch út Kassel. Hy krige thús privee-ûnderwiis. Doe't er tolve jier wie gie er nei in gymnasium yn Kassel. Syn âlden ferhuzen nei kastiel Berlepsch, en hy kaam allinne yn 'e fakânsjes thús.
Yn 1870 moast er him by it huzarrezjimint fan Kassel melde doe't de Frânsk-Prusyske Oarloch útbruts. Husaren-Regiment Landgraf Friedrich II. von Hessen-Homburg (2. Kurhessisches) Nr. 14 Hoewol't er befoardere waard ta luitenant, beskreau er syn tiid as soldaat letter as in ferskriklike ûnderfining. Dêrnei studearre er soölogy yn Leipzig en oan de Universiteit fan Halle. Yn Halle moete er Wilhelm Schlitter, dy't him yn 'e kunde brocht mei fûgelkolleksjes; Schlitter hie nammentlik in grutte samling fûgels út Santa Catharina yn Brazylje. Hy bestudearre de kolleksjes en skreau yn 1873-1874 in ferhanneling oer de fûgelkunde fan de provinsje Santa Catharina.
Hy erfde in grut fermogen, dat er brûkte om in grutte kolleksje fûgeleksemplaren foar musea te ûnderhâlden, wêrûnder fûgels dy't troch Hermann von Ihering yn Súd-Amearika sammele wiene. Dy kolleksje, dy't op it stuit fan syn ferstjerren 55.000 fûgels omfette, waard ferkocht oan it Senckenberg-museum foar natuerhistoarje yn Frankfurt am Main.
Hy akseptearre Darwin syn evolúsjeteory, ta grutte argewaasje fan fan syn freon, fûgelkundige en teolooch, Otto Kleinschmidt.
Publikaasjes (kar-út)
Kritische Bemerkungen zur Colibri-Literatur, Separat. aus der Festschrift des Vereins für Naturkunde zu Cassel, Band 1, 1886. Kritische Uebersicht der in den sogenannten Bogota-Collectionen (S. O. Colombia) vorkommenden Colibri-Arten und Beschreibung eines neuen Colibri (Cyanolesbia nehrkorni) , Journal für Ornithologie, Band 35, Nummer 3, 1888, S. 313-336. Die Vögel der Insel Curaçao: nach einer von Herrn cand. theol. Ernst Peters daselbst angelegten Sammlung, G. Pätz, 1892. On the birds of Cayenne, Zoological Museum, 1908. mei Gustav Mützel: Systematisches Verzeichniss der von Herrn Gustav Garlepp in Brasilien und Nord-Peru im Gebiete des oberen Amazonas gesammelten Vogelbälge, Miscellanea ornithologica, Band 31, 1886. mei Hermann von Ihering: Die Vögel der Umgegend von Taquara do Mundo Novo, Prov. Rio Grande do Sul, Zeitschrift für die Gesammte Ornithologie, Band 2, 1885, S. 144-145. mei Jan Sztolcman en John Gerrard Keulemans: On the ornithological researches of M. Jean Kalinowski in Central Peru, Proceedings of the Zoological Society of London, 1896.
Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk publisist Kategory:Dútske adel Kategory:Persoan berne yn 1850 Kategory:Persoan stoarn yn 1915