De sulverdûker (Podiceps occipitalis) is in fûgel út de famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae) yn it skift fan 'e dûkereftigen (Podicipediformes).

Skaaimerken De sulverdûker is in lytse, ljochte dûker fan 25 oant 28,5 sintimeter lang. Mantsjes binne yn 'e regel wat grutter as wyfkes.

Op ôfstân liket er foar in grut part wyt, oars as de donkere wytwangdûker (Rollandia rolland). De súdlike fûgels ha in sulverblûne kape (minder dúdlik by jonge fûgels en fûgels bûten de briedtiid) en in grize kiel, wylst de noardlike populaasje in blûne krún mei streken, in wite kiel en it hiele jier troch itselde fearrekleed hat. Ek binne der tusken de noardlike en de súdlike populaasjes ferskillen yn it lûd. De eagen binne oranjeread.

De sulverdûker en dan benammen it takson juninensis hat in soad fan 'e Pûnadûker (Podiceps taczanowskii).

Fersprieding en systematyk Der binne twa aparte populaasjes dy't fysiek fan inoar skieden binne, mar yn 'e koptekening, de kleur fan 'e fearren fan it gesicht en it hawwen fan in briedkleed fan inoar ferskille. Guon autoriteiten behannelje dy populaasjes as aparte soarten, lykas BirdLife International en de Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN). Oare autoriteiten ferdiele de sulverdûker yn twa ûndersoarten:

de noardlike sulverdûker (Podiceps occipitalis juninensis) – komt lokaal foar yn 'e Andes yn Kolombia, noardlik Sily en Argentynje. de súdlike sulverdûker (Podiceps occipitalis occipitalis) – komt foar yn 'e Andes fan sintraal Argentynje oant Fjoerlân en de Falklâneilannen.

Hâlden en dragen De sulverdûker is te finen op marren en opslachmarren, faak sûnder begroeiïng oan 'e rânen. Hy briedt meastentiids yn koloanjes, lokaal yn hûnderttallen. Súdlike fûgels binne winterdeis ek te finen by de kusten.

Status De sulverdûker is in algemiene fûgel mei in grut ferspriedingsgebiet yn 'e súdlike Andes en de tuskenbeide sône fan it súdlike part fan Súd-Amearika, mar seldsum en yn oantallen ôfnimmend yn 'e noardlike Andes, benammen yn Ekwador en Kolombia.

De IUCN hat foar juninensis en occipitalis elk in eigen status. Occipitalis wurdt troch de IUCN as net-bedrige (Least Concern) kategorisearre, wylst juninensis as gefoelich (Near Threatened) klassifisearre wurdt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûker Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily